Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ124907

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wenne yn Dokkum in âld wyfke, dat wie in bokkehâldster. Geregeld kamen der minsken by har mei in geit, dy't dekt wurde moest. Hja naem dêr twa kwartsjes fan. De bok weide altyd op groun dy't fan 'e gemeente wie.
't Wie in hiele bêste bok en 't âld wyfke tocht: "It is leau 'k better dat ik trije kwartsjes freegje ynpleats fan twa."
Mar dat waerd de minsken to djûr. En sy klagen har need by de gemeente. Doe hâldde de gemeenteried fan Dokkum in forgadering en dêr waerd it bislút nom, dat se soenen de bok mar fan 't âld wyfke keapje. De groun wie harres dochs ek. En dan soe der in mantsje oansteld wurde om der mei to rêdden as der in geit dekt wurde moest. De priis soe dan twa kwartsjes bliuwe. Dat kaem klear. Der waerd in âld mantsje foun en it duorre net lang of dêr kaem al ien mei in geit oan.
Dy waerd by de bok brocht, mar de bok woe der neat fan witte. Dy bleau lizzen dêr't er lei. Hwat it mantsje der ek oan die, it joech allegear neat. Doe helle hy it âld wyfke der by. Dy gong nei de bok ta en sei: "Hoe ha wy it nou mei dy? Wolstû neat dwaen?"
Doe sei dy bok: "Ik bin nou gemeenteamtner woarn, ik wol my nou net drok mear meitsje."

Beschrijving

Een oud vrouwtje houdt een bok die zij op gemeentegrond weidt. Geregeld komen er mensen
bij de bokkenhoudster om hun geit door de bok te laten dekken. De oude vrouw vraagt hier twee kwartjes voor. Als de vrouw besluit drie kwartjes te vragen, laten veel klanten het afweten en beklagen ze de prijsverhoging bij de gemeente. De gemeenteraad koopt de bok van het vrouwtje en stelt een gemeenteamtbenaar aan om de bok geiten te laten dekken. De prijs hiervoor daalt weer naar twee kwartjes. De bok weigert echter iets uit te voeren, omdat hij immers 'gemeenteambtenaar is geworden'.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1249, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

?

Naam Locatie in Tekst

Dokkum    Dokkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21