Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ082401

Een sprookje (mondeling), zaterdag 05 september 1970

Hoofdtekst

Der wie us in jonge, dat wie de soan fan in earme widdoufrou. Op in kear trok dy der op út om syn eigen kost to fortsjinjen.
Doe kom er by in boer torjochte. Dy frege er om wurk.
Doe sei dy boer: "Ja jonge, dat sit sje-sa, ik kin dy oars skoan brûke, dat is it him net, mar ik haw hjir al earder in pear feintsjes hawn, dy kommen noait wer thús.
Hwant ik ha hjir in keppel skiep en dy matte deis hoede wurde. Dy kant út dêr't it lân is leit ek in wereld klaver, mar dêr meije dy skiep net heal yn komme, hwant dy klaver, dat is it eigendom fan trije reuzen. En as dy sjogge dat de skiep yn 'e klaver rinne, is 't net bêst. Dan pakt sa'n reus dy en dan sjoch ik dy noait wer.
Ik wol dy dus wol yn tsjinst ha, mar dan mast' goed oppasse en tige foarsichtich wêze."
De jonge tocht even nei. Doe sei er tsjin 'e boer: "Ik leau dat ik it doch mar oannim. Mar soe 'k ek in lyts foarskotsje krije kinne? Ik sil jo goed tsjinje. Ik mat noch even nei 't doarp ta, sjoch."
Doe joech de boer him hwat jild en de jonge gong nei 't doarp. Doe kocht dy jonge by de kastlein in mingel jenever en hy kocht hwat sliepguod by de apteker.
Doe't er werom wie by de boer seach er ris om him hinne. De bile lei yn 'e skuorre. Dy die er op 'e slypstien. En de oare deis gong er mei de skiep op stap.
Doe't se in ein ûnderweis wienen moesten se it klaverfjild fan 'e reuzen foarby.
De skiep wienen net to hâlden. Hoe't de jonge syn bêst ek die se to kearen, it duorre mar even, doe roannen se allegearre midden yn 'e klaver.
De jonge wie syn rie to'n ein.
It duorre net mâlle lang, doe kom der al ien fan 'e greate reuzen oan.
O duveker, tocht de jonge. It himd trille him om 't gat, dat kinne jo bigripe.
De reus sei: "Je bent de dood schuldig. Dit is mijn land."
De jonge lamentearre hwat en sei: "Ik kin der neat oan dwaen, menear."
Doe soe de reus him pakke. Doe sei de jonge: "Wolle jo earst noch net in buorrel mei my drinke?" En hy helle de flesse jenever foar 't ljocht.
Dat like de reus goed ta hwant hy wie net fiis fan in buorrel. Mar de jonge hie der in sliepmiddel troch hinne dien. Sels paste er wol op dat hy der net fan dronk.
De reus dronk mar ta en woarde al hwat sloech. Dêr wie 't de jonge fansels krekt om bigong. Hy wachte sa lang oan't de reus him deljoech. Doe helle er de bile to foarskyn. Hy sloech ta en hie yn ien hou de kop der ôf.
De skiep hienen har yn dy tiid dik en sêd fretten. De jonge kamouflearre it lyk fan 'e reus mei hwat tokken en blêddeguod en doe gong er wer mei de skiep op 'e plaets yn.
De boer wist net hwat er seach, doe't de jonge foar him stie. Hy koe 't him net bigripe.
Mar deselde jouns gong de jonge wer nei 't doarp ta om in mingel jenever to heljen.
De oare deis gong er wer mei de skiep op sjou. Doe't er oan 'e klaver ta wie wie der wer gjin hâlden oan mei de skiep. Dêr wienen se leaver as op 'e heide en yn 't minne lân.
It duorre net sa lang of dêr hienen je reus nûmer twa al. Dy wie noch mear mâns as de earste. It woarde de jonge binaud om 't hart, mar hy tocht: "Ik ha mei dy oare ret, ik sil prebearje ek mei dy ôf to weven."
De reus sei: "Der is gjin pardon foar dy jonge. Dû bist de dea skuldich. Dit is ús lân, dêrs'tû mei de skiep yn bist."
De jonge lamentearre bot, mar 't joech neat, de reus joech gjin krimp.
"Nou," sei de jonge, "as ik dan doch stjerre mat, dan kinne wy doch earst noch wol in buorrel drinke", tocht ik.
"Ik ha noch hwat ûnder 'e koark." En hy helle de flesse to foarskyn.
Dy reus krige ek wer sêd. Hy ûndergong itselde lot as de earste. Hwant de jonge hie ek nou wer in sterk sliepmiddel troch de jenever dien.
Doe't de reus him deljoech, sloech de jonge him mei de skerpe bile de kop ôf.
Hy moest dizze reus ek hwat kamoeflearje, oars foun de oare him.
Doe gong er wer nei de plaets ta.
De boer tocht: hoe kin dit. De oare feinten wienen noait werom kom. "Hast net yn 'e klaver west, wol?" frege er.
"Né boer," sei de jonge, "dêr kom ik net."
Mar hy gong dyselde jouns wer nei 't doarp ta om in mingel jenever. Hy tocht: "'t Giet nou om 't lêste. 'k Mat sjen dat ik baes bliuw."
De oare deis hy der wer op út mei de skiep. Wèr nei de klaver. Dêr kom reus nûmer trije al oan. Krimmenikes, dy wie nòch wer folle greater. En dêrby hied er èk noch in min sin. Hwant syn beide bruorren lieten him yn 'e steek. Nou moest er al it wurk allinne dwaen.
"Hwer binne myn bruorren?" frege er.
"Ik ha se net sjoen", sei de jonge.
"Bist yn ús lân," sei de reus, "bist de dood schuldig."
De jonge lamentearre ôfgryslik, mar dat joech allegear neat. Doe helle er wer deselde trúc út.
"Lit ús earst in buorrel drinke", sei er tsjin 'e reus. Mar hy dronk sels net.
De reus spuide der net yn en dronk him goed sêd.
Doe woarde er sloech. En doe't er langút yn 'e klaver lei pakte de jonge de bile en sloech de reus de kop ôf.
Doe gong de jonge mei de skiep werom nei de plaets.
"Hoe is 't mooglik", tocht de boer, doe't er de jonge wer seach.
De jonge tocht by himsels: "Ik sil sjen gewaer to wurden hwer't dy trije reuzen har hûs stean hienen."
De oare deis gong er wer mei de skiep der op út. Hy liet se moai yn 'e klaver weidzje en tocht: hjir kinne se har wol in skoftsje fordivendearje.
Hy liet de skiep skiep bliuwe en roan in ein fuort. Doe kom er by in great gebou. Hy tocht: dat kin it hûs fan 'e reuzen wolris wêze! En sa wie 't ek.
Hy der hinne. 't Wienen allegearre keamers. De jonge die de iene doar iepen. De keamer wie fol mei kleareklinkende sulver en prachtige klean.
Doe died er in oare doar iepen. Doe kom er yn in keamer die wie fol mei kleareklinkende goud en noch wer moaijer klean as yn 'e earste keamer.
De jonge roun nòch fierder. Doe kom er yn in keamer, dy wie fol mei allerhande skitterende diamanten en nòch folle moaijer klean as yn 'e twadde keamer wienen.
Doe't er noch wer fierder roan kom er yn in stâl mei prachtige moaije hynders.
Doe tocht dy jonge: "Hwat bin ik ryk!" Hwant dit wie nou allegear fan hìm. Mar hy tocht: "Ik siz der neat fan tsjin 'e boer."
Doe't er de jouns thús kom, sei de boer: "Jonge, hwat bistû ôfgryslike let. Ik siet al oer dy yn noed."
"Ja, mar," sei de jonge, "de skiep moesten dochs goed sêd, net."
Doe sei de boer: "Nou sil 'k dy hwat fortelle, jonge. Moarn gean ik nei de stêd ta. Dêr is hiel hwat to dwaen. Dêr wurdt in great feest hâlden en dêr is ek hurddraven by. Dy't it moaiste hynder hat en it hurdste ride kin, dy kriget de dochter fan 'e koaning ta frou."
"Och heden," seit de jonge, "mei 'k mei, boer?"
"Né hear, dû mast op 'e skiep passe."
De jonge gong de oare deis bitiid nei de skiep ta en liet se yn 'e klaver. Doe gong er nei 't slot fan 'e reuzen en luts dêr moaije klean oan. Doe socht er in swart hynderke út. Dêr ried er mei nei de stêd ta. Hy kom noch krekt op 'e tiid.
Mar hy hie in masker foar dien, hwant hy tocht: "De boer mat net sjen kinne dat ik it bin."
Doe't it op in huddraven gong woan hy it fierwei. Mar doe't it huddraven dien wie, naeide er út. Hy ried wer nei it slot ta, dêr burch er syn klean wer op en doe gong er yn syn âlde plunje wer mei de skiep nei de plaets ta.
Doe sei er tsjin 'e boer: "Wel, hoe is 't gong mei 't hurddraven yn 'e stêd? Hwa hat it woan?"
"Ja jonge", sei de boer, dat is noch net útiten. Moarn wol ik wer nei stêd ta, hwant dyselde dy't it woan hie, naeide út. Dat nou is it noch net bisljochte. Hwat hie dyselde prachtige klean oan en hwat siet er op in moai hynder. Ik ha noch noait in dier sa draven sjoen.
De oare deis sei de jonge tsjin 'e boer: "Kin 'k nou net mei?"
"Né," sei de boer, "dû mast op 'e skiep passe."
Mar de jonge die krektsa as de earste kear. Hy gong wer stikum nei 't slot. Dêr socht er in prachtige fos út en hy luts klean oan, dy sieten stiif ûnder 't goud. Sa ried er nei de stêd ta. It masker hied er wer foar.
Hy kom der krekt op 'e tiid oan. Se wachten al op him. Der woarde wer om 't hurdste riden. Hy wie fier foar. En hy wie it allermoaist. Mar ek dizze kear naeide er hurd út, doe't it dien wie.
Hy ried wer nei 't slot ta, forklaeide him dêr, en doe gong 't wer op hûs yn mei de skiep.
Doe sei er tsjin 'e boer: "Wel, hoe is 't gong?"
"Och hearen," sei de boer, "dyselde fan juster wie der wer. Mar hwat is dat in rare feint. Hy naeide ek nou samar wer út. Hy wie net to hâlden. Mar moarn wurdt der hwat op útfoun, dat er net fuortkomme kin. Mar ik wyt net, hwàt. Mar dizze kear ûntkomt er har net."
De jonge sei: "Mei 'k moarn mei? Jo hawwe nou al twa dagen hinne west. Hwat soe 'k dat graech ris sjen wolle."
"Né jonge," sei de boer, "dû mast de skiep hoedzje."
De boer gong de oare deis wer nei de stêd. En de jonge gong wer mei de skiep der op út. Hy liet de skiep ek nou wer yn 'e klaver rinne - dêr bleauwen se wol - en hy gong nei it slot ta. Dêr socht er in prachtige appelskimmel út. Dy koe noch hurder drave as de earste twa. En doe socht er klean út, dy wienen alhielendal biset mei diamanten.
Krekt op 't lêste momint kom er dêr't er wêze woe.
't Folk forwachte him al. Hy hie 't masker wer foar.
Hy woan it fier. Hy fleach der oer. De minsken wienen der allegear wei fan. En hy wie wol sa moai dat it wie in lust om der nei to sjen.
Doe't it dien wie, soed er wer fuort. Mar dêr krige er de kâns net ta. In hiel bataljon soldaten stie klear. Dy omsingelen him. Hy koe net wer fuortkomme. Se nommen him it masker ôf en hy woarde nei de koaning syn dochter ta brocht. Dy hied er earlik fortsjinne.
Doe't er 't masker ôf hie, seach de boer hwa't it wie.
Och, hie seach sa biteutere. 't Wie syn feintsje!
Hy krige de koaningsdochter ta frou, sy teagen yn 't kasteel fan 'e reuzen en sy libben lang en gelokkich!

Onderwerp

AT 0314A - The Shepherd and the Three Giants    AT 0314A - The Shepherd and the Three Giants   

ATU 0314A    ATU 0314A   

Beschrijving

Een jongen durft het aan schaapherder te worden bij een boer, hoewel alle vorige knechten zijn omgekomen toen ze de schapen in het klaver van drie vreselijke reuzen lieten weiden. Het lukt de jongen de drie reuzen op drie achtereenvolgende dagen te onthoofden, nadat hij hen met sterke drank met een slaapmiddel erin verdoofd heeft. In het gigantische huis van de rovers vindt hij kamers vol rijkdommen en stallen met prachtige paarden. Als de hand van de prinses wordt beloofd aan de winnaar van een harddraverijtoernooi, wil de schaapherder graag meedoen. De herder krijgt van zijn baas echter geen toestemming omdat hij op de schapen moet passen. De herder verkleedt zich, zet een masker op en zoekt een prachtig paard uit. Incognito wint hij twee dagen achter elkaar het harddraaftoernooi, maar hij vlucht na de onverwinning. Als hij de derde dag weer wint, wordt hij gevangen en ontmaskerd. De eenvoudige schaapherder huwt hierop de prinses.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 824, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

5 september 1970
The Shepherd and the Three Giants

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21