Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ086402

Een sage (mondeling), woensdag 21 juli 1971

Hoofdtekst

Myn heit wenne yn Feansterheide. Op in moarntiid soed er nei 't wurk ta. Dat wie yn 'e Poffert (Hoogkerk) by Grins.
Heit wie leiker op 'e preammen, hy moest dêr leikje.
Mar dy moarns koed er min fuort komme. It wie krekt as woarde er keard, as moest er thúsbliuwe. 't Wie op moandei. It wykein wie heit altyd thús.
Heit wie al in ein op stap, doe sloech er him op 'e bûse: gjin tabaksdoaze. Hied er de tabak forgetten! Hy werom op hûs yn.
"Bist dêr noch, Ypk?" sei er tsjin mem. "Ik ha myn tabaksdoaze forgetten." Doe't er dy hie, gong er wer fuort.
Mar ûnderweis kom 't him yn 't sin, dat er syn ekstra sokken forgetten hie. By 't leikjen waerd er faek wiet, dan die er jouns in pear droege sokken oan.
"Fordomme," sei er, "ik forjit ek alles."
Hy gong wer werom en helle de sokken op.
Trije kearen hat er sa werom west. Krekt as mòest er thúsbliuwe.
Dyselde wyks is er dêr yn 'e Poffert by 't swemmen fordronken. Hy wie doe noch in jongkeardel, ik wie twa jier âld.
Myn beide bruorren wienen 16 en 17.


Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Een man werkte altijd op een praam. Op een keer had hij sterk het gevoel dat hij niet naar de praam moest gaan. Hij vergat ook elke keer iets, waardoor hij al weer drie keer thuis was geweest. Diezelfde week is hij bij het zwemmen verdronken.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 864, verhaal 2

Commentaar

21 juli 1971
Andere Todesvorzeichen.

Naam Overig in Tekst

Ypk    Ypk   

Naam Locatie in Tekst

Feansterheide    Feansterheide   

Veensterheide    Veensterheide   

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Poffert    Poffert   

Hoogkerk    Hoogkerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21