Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ091102

Een sprookje (mondeling), woensdag 05 april 1972

Hoofdtekst

Der wienen ris trije soldaten, dy moesten de wacht hâlde.
It wie min waer, 't waeide hurd en 't reinde dat it spielde. Se stienen alle trije by 't wachthokje.
De iene soldaet sei: "Ik woe wol dat ik fan dy forrekte soldaterije ôf wie."
De oare sei: "Ik woe wol dat ik hûnderttûzen goune hie."
De trêdde sei: "Ik woe wol dat ik in nacht by de majoar syn dochter sliepe koe."
De majoar stie tichteby en hie alles heard. De oare deis liet er de trije soldaten ien foar ien by him roppe.
"Hwat hastû juster sein," sei er tsjin 'e earste soldaet, "hiestû dyn nocht fan 'e tsjinst?"
"Ja, majoar, ik wol der graech by wei."
"Dat kin wol," sei de majoar, "hjir ha jo in ausweis, dêr kinne jo mei nei hûs ta gean."
Doe moest de twadde soldaet foar komme.
"Ha jo juster sein, dat jo wol hûnderttûzen ha woenen?"
"Dat ha 'k sein, majoar."
"Dat kin gebeure," sei de majoar, "hjir ha jo in chèque, dêr kinne jo hûnderttûzen goune foar barre."
Doe rôp de majoar de trêdde soldaet by him.
"Hwat ha jo juster ek hast wer sein doe't jo by 't wachthokje stienen?"
De soldaet doarst it earst net rjocht to sizzen, mar op 't lêst kom it der út.
"Ik haw sein, majoar, ik woe wol in nacht by jou dochter trochbringe."
"Dat kin gebeure", sei de majoar. Doe joech er opdracht oan 'e wacht om op to passen as de soldaet mei syn dochter yn 'e sliepkeamer nei bêd ta gong. 't Ljocht moest op bliuwe en tsjin syn dochter sei er: "Tink der om, datstû op alle fragen fan dy soldaet 'né' seiste."
Dy nachts kom de soldaet by de dochter fan 'e majoar yn 'e sliepkeamer. Der stienen trije wachten by. It ljocht wie op en de dochter lei op bêd.
De soldaet klaeide him út en gong njonken har lizzen.
Doe sei er tsjin 'e dochter: "Matte dy trije mannen hjir bliuwe?"
"Né", sei de dochter.
"Jimme hearre it, derút!" sei de soldaet tsjin 'e trije mannen.
Doe gongen se der út.
Doe frege de soldaet har: "Mat it ljocht hjir opbliuwe?"
"Né", sei de dochter fan 'e majoar.
"Dan út", sei de soldaet en hy die it ljocht út.
Doe wiisde de soldaet nei in plakje op har lichum en hy frege: "Mat dat gat iepen bliuwe?"
"Né", sei de dochter.
"Dêr wie it de soldaet krekt om bigong. En doe koed er syn gong gean.


Onderwerp

AT 0853A - "No."    AT 0853A - "No."   

ATU 0853A    ATU 0853A   

Beschrijving

Een majoor hoorde eens hoe drie soldaten op wacht elkaar hun wensen vertelden. De een wilde uit dienst, de ander wilde veel geld, en de derde wilde wel eens een nacht met de dochter van de majoor doorbrengen. De majoor liet de wensen uitkomen, alleen instrueerde hij zijn dochter op alle vragen van de soldaat nee te antwoorden. Maar de soldaat wist zijn vragen zo te stellen dat hij precies zijn zin kreeg.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 911, verhaal 2

Commentaar

5 april 1972
"No."

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21