Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ093804

Een sage (mondeling), zaterdag 23 september 1972

Hoofdtekst

't Wie op in joun. Heit siet to krantsjen en lytse Jan hie in boekje foar him en siet dêr hwat yn om to blêdzjen. Doe kom er in wurd tsjin, dat forstie er net.
"Heit," sei er, "hwat is 'in kammeraet'?"
"In kammeraet," sei heit, "dat is ien dêrst' goed mei oer de wei kinste. Dû en ík binne kammeraden. Mar mast my net mear lestich falle, ik wol lêze."
Even letter kom lytse Jan wer in fremd wurd tsjin. Hy sei: "Heit, hwat bitsjut 'regearing'?"
"Regearing? Sjoch, jimme mem, dy regeart hjir oer alles. Dy soarget der foar dat der op tiid iten op 'e tafel stiet, dat jimme skjinne en hiele klean oan ha, en al sokke dingen mear. Dat is regearing. Mar nou mast my mei rest litte, hè?"
Even letter seach Jan wer in wurd dat er net snapte.
"Heit," frege er, "hwat is 'de takomst'?"
"De lytse jonge dêr yn 't widske, dat is de takomst", sei heit, en hy fordjippe him wer yn 'e krante.
Yn 'e nacht woarde lytse Jan wekker. De baby yn 'e widze raesde en hâldde mar net op.
Doe gong Jan der ôf en roan op 'e widze ta. It rûkte dêr lang net fris.
Doe gong Jan nei it bêd fan syn heit ta en sei:
"Kammeraet, meitsje de regearing ris wekker, hwant it sjocht der mei de takomst smoarch út."


Beschrijving

Een zoon zat te lezen en vroeg zijn vader uitleg over de woorden 'kameraad', 'regering' en 'toekomst'. Zijn vader legde deze woorden uit als 'je vader', 'je moeder', en 'de baby in de wieg'. Toen de baby die nacht in de wieg huilde en het er stonk, maakte de jongen zijn vader wakker en zei: "Kameraad, maak de regering eens wakker, want het ziet er met de toekomst smerig uit."



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 938, verhaal 4

Commentaar

23 september 1972

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21