Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094501

Een sage (mondeling), zaterdag 30 september 1972

Hoofdtekst

Trije jonkjes stienen by in brêge. De brêge wie ôfdraeid, der wie dus in hiel great gat yn 'e wei.
It iene jonkje sei: "Us heit springt samar oer dat gat hinne." "Dat bistiet net", seinen de oaren.
Mar it jonkje hâldde fol, dat op 't lêst moesten se it wol leauwe.
Doe sei it twadde jonkje: "Jimme heit is in hiele baes, mar dan mast ús heit ha. Lêstendeis moest it hoantsje fan 'e toer ôf. Doe hellen se de langste leider op dy't se mar krije koenen, mar dy wie noch fiersto koart. Doe is ús heit it leste ein mar by de toer opklaud en sa hat er it hoantsje dêr weihelle."
Doe sei it trêdde jonkje: "Mast ús heit ha. Dy hat lêstendeis in great ûngelok hawn. Hy krige in hiel great gat yn 'e hân. Doe hat ús heit net iens gûld. Hy hat nei dokter ta west en doe hat dy him in hiel stik út it liif weinom en dat hat er yn 'e hân set. En heit hat nòch net iens gûld.
Hwannear't ús heit nou ris in kear pine yn it liif hat, dan docht er sà mar even." En doe struts it jonkje oer syn hân hinne.


Beschrijving

Drie jongens schepten eens op over hun vader. De eerste beweerde dat zijn vader over een kanaal kon springen. De tweede beweerde dat zijn vader een toren op was geklommen om het haantje eraf te halen. De derde beweerde dat zijn vader zo'n groot gat in zijn hand had dat hij geen gulden meer had.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 945, verhaal 1

Commentaar

30 september 1972

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21