Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094710

Een sage (mondeling), vrijdag 06 oktober 1972

Hoofdtekst

Der wie in heit, dy hie twa soannen. Elk fan dy soannen hie in hynder. De heit hie ek in plaets en dy woed er ien fan 'e beide soannen ta ha. Mar hokker? Se wienen him beide like nei. De beide soannen hienen 't hast elke dei oer de plaets.
Elk fan beiden woe him graech ha en dan sangeren se har heit mar om 'e holle: "Jow him my, heit."
Dêr krige de âld man syn nocht fan. Dat hy sei op in kear: "Krij de hynders fan 'e stâl en ryd nei stêd ta. Hwa syn hynder der it lêste oankomt, dy sil de plaets ha."
De beide soannen gongen mei de hynders op stap. Elk siet op syn hynder, mar sy wienen noch net oan Goutum ta, doe wienen se al fjûrslach deilis. Se stienen sahwat stil, hwant de stêd wie nou tichteby en dy't dêr it lêst oankom, dy soe de plaets ha. Hja hâldden stil. Hoe koenen se nou om it stadichste ride? As se gjin ried fan ien heard hienen, hienen se dêr hjoed nòch stien.
Mar doe kom der in âld-man oan.
"Hwat skeelt jimme, mannen?" frege er.
Doe fortelden de beide soannen har swierrichheit.
De âld-man tocht even nei, doe sei er: "Ik wit rie. Wite jim hwat jim dwaen matte? Fan hynder wikselje en dan om 't hurdste nei Ljouwert ta. Dy syn hynder it lêst dêr oankomt, dy krijt de plaets."
De âld man hie noch net iens útsprutsen of dêr stouden de beide soannen op 'e hynders hinne.


Onderwerp

VDK 1579C* - De erfenisrace    VDK 1579C* - De erfenisrace   

Beschrijving

Een boer kon niet kiezen wie van zijn twee zoons hij zijn boerderij zou geven. Hij liet ze op paarden naar de stad rijden, en zei dat degene die het laatst aan zou komen, de boerderij zou krijgen. Naar de stad gingen ze steeds langzamer rijden, totdat ze vlak voor de stad stilstonden. Een man adviseerde hen toen van paard te ruilen, en dan naar de stad om het hardst te rijden. Degene wiens paard het laatst aankwam, had gewonnen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 947, verhaal 10

Commentaar

6 oktober 1972
De erfenisrace

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21