Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ093302

Een sage (mondeling), zondag 24 september 1972

Hoofdtekst

Der wie in jongkeardel, dy bistege him op in moarn as boerefeint by in boer. Hja sieten yn 'e keamer, de feint krige kofje mei koeke en in sigaer. Hja praetten hwat mei elkoar en doe fortelde de boer, dat hy en twa oare boeren slachten alle hjerstmis mei har trijen in koe foar de winter. Dy koe stie by him op 'e stâl.
"Dy matte wy aenst mar ris bisjen", sei de boer.
Hy gong mei de feint nei de stâl ta en wiisde de koe oan.
Doe sei er tsjin 'e feint: "Fiel mar ris hoe fet er is."
Doe krige de feint de koe by de hakken beet.
"Hwerom dochstû dàt," frege de boer, "dêr kinstte net fiele of in koe fet is."
Doe sei de feint: "Dat plak haw ik it measte bilang by, hwant de feint kriget it synfleis fan 'e hakke."



Beschrijving

Een boer liet zijn knechten voelen hoe vet de koe al was die hij met kerst ging slachten. Een van de koeien voelde aan het been van het dier, omdat de knecht dat stuk vlees altijd krijgt.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 933, verhaal 2

Commentaar

24 september 1972

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21