Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ098510

Een mop (almanak), vrijdag 09 maart 1973

Hoofdtekst

Der wie in mynhear, dy stjûrde syn feint fuort mei twa hynders foar de wein, in wyt en in swart hynder. "Dû mast by de minsken lâns gean," sei er, "en dêr't de frou baes is, jowst neat, mar dêr't de man it to sizzen hat, dêr jowst ien fan 'e hynders. De man mei sels útkieze."
De feint hie al forskeidene huzen hawn, dêr't oeral de frou baes wie. Doe kaem er op 't lêst by in hûs dêr stie de man op 't hiem. De feint frege him: "Hwa is hjir baes?"
Doe sei dy man: "Ik."
"Moaisa," sei de feint, "dan krije jo in hynder. Jo meije útsykje, it swarte of it wite."
"Dan wol 'k it swarte ha", sei de man.
Mar doe kaem de frou der by. Dy sei: "Gjin sprake fan it wite hynder matte wy ha."
De feint sei: "Ik hear it al. De frou is hjir baes."
De man krige it hynder net en de feint kaem mei beide hynders wer thús.

Onderwerp

AT 1366A* - Search for Husband in Command    AT 1366A* - Search for Husband in Command   

ATU 1375    ATU 1375   

Beschrijving

Een knecht moest van zijn baas met een wit en een zwart paard op pad gaan. Hij moest een huis zoeken, waar niet de vrouw, maar de man de baas was. Als hij dat gevonden had mocht de man des huizes een paard uitzoeken. Het lukte hem echter niet om een man te vinden die de baas in huis was; overal hadden de vrouwen het voor het zeggen. Hij keerde met beide paarden terug.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 985, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

9 maart 1973
Search for Husband in Command

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:22