Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ099001

Een sage (mondeling), maandag 19 maart 1973

Hoofdtekst

't Wie yn 'e Frânse tiid. Op it Bouwekleaster wenne Bindert Kloosterman. Dy wie dêr boer. Hy moest in hiele protte bilesting bitelje. Dat moest allegear yn sulverjild foldien wurde en nei Ljouwert ta brocht wurde. Hy laedde it jild yn twa sekken en dy kamen op in kroade. Doe sei er tsjin Sterke Hearke: Bring dû dat even nei 't bilesting[g]ebou yn Ljouwert.
Hearke gong op stap mei de kroade mei sulverjild.
Doe wied er oan 'e Bonkefeart ta, doe wienen dêr twa man, dy kamen him tomjitte. Dy seinen tsjin Hearke: "Hwat sit dêr yn?"
"Gounen en ryksdaelders", sei Hearke.
"Dy matte wy ha", seinen se.
Hearke sei: "As jim keardels binne, krije jim de sekken sels mar op fan 'e kroade."
Doe soenen se de beide sekken pakke, mar doe krige Hearke de beide mannen by kop en kont beet en smiet se yn 'e Bonkefeart.
Doe kroade Hearke fierder.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

In de Franse tijd moest Bindert Kloosterman een hoop belasting betalen in zilvergeld. Hij moest het naar Leeuwarden brengen. Hij vroeg Sterke Hearke of die de lading geld met de kruiwagen naar Leeuwarden wilde brengen.Toen Hearke bij de Bonkevaart kwam, zeiden twee mannen dat ze het geld wilden hebben. Toen de twee mannen de zakken geld wilden pakken, pakte Hearke ze op en gooide ze in de Bonkevaart.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 990, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 maart 1973
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Bindert Kloosterman    Bindert Kloosterman   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Bonkevaart    Bonkevaart   

Naam Locatie in Tekst

Bouwekleaster    Bouwekleaster   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Bonkefeart    Bonkefeart   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21