Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ099921

Een mop (mondeling), vrijdag 06 april 1973

Hoofdtekst

Twa poepen hienen yn Hollân yn 'e ûngetiid west. Se wienen op reis nei hûs ta en farden oer de Sudersé. Doe waerd it min waer. Hja wienen de sé net wend en waerden deabinaud. Noch noait hienen se in stoarm op sé meimakke. De beide poepen hienen it jild dat se bard hienen by har. Dat hienen se elk yn in pongkje, mei in tou der oan.
Doe't it sok need waer waerd, krige de iene poep syn ponkje by 't toutsje beet en swaeide 't yn 'e rounte. En doe sei er:
"Ach mijn lieve Heerke,
kriegst al dat geld,
as dat weer opholdt."
Doe hâldde 't op. De stoarm joech him del. Mar doe tocht dy poep: "Nou kin 't wol wer lije. Doe die er sa: hy swaeide wer mei it ponkje hinne en wer en sei dêrby: "Doe kriegst it niet! Doe kriegst it niet!" Mar hy swaeide sa bot, dat it touke dat bruts en 't jild rekke yn 'e sé.

Beschrijving

Twee arbeiders zijn met de hooitijd in Holland geweest. Op weg naar huis varen ze over de Zuiderzee. Ze zijn doodsbang voor de storm die opsteekt. Het verdiende geld houden ze in een buideltje met een touwtje er om goed bij zich. Een van hen zwaait zijn buidel aan het touwtje heen en weer en roept: "O lieve heer, je krijgt al het geld als het weer ophoudt" De storm stopt, maar de man zwaait weer met het buideltje en roept "je krijgt het niet". Hij zwaait zo hard dat het touwje breekt en het geld in zee valt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 999, verhaal 21 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 april 1973

Naam Overig in Tekst

Suderse    Suderse   

Naam Locatie in Tekst

Holland    Holland   

Zuiderzee    Zuiderzee   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21