Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101601

Een sage (mondeling), maandag 21 mei 1973

Hoofdtekst

Us heit mocht graech in buorrel en dan gebeurde it wol dat er dronken thús kaem. Dan wie mem mar hwat bang foar him omdat it dan wolris raer gong mei him as er thús wie.
Op in kear sieten mem en ik yn 'e hûs. Wy wachten op heit. Wy hienen in losse trap dêr't wy mei op 'e souder komme koenen en doe op in stuit woarden mem en ik beide kjel. De trap foel om en dat joech gâns lûd.
"Och heden," sei mem, "dêr is jimme heit wer. Sjoch dû ris even, Wierd." En sy seach bang.
Ik gong dêr hinne. De trap lei om, mar heit wie der net. Ik sette de trap wer oerein.
Sahwat in kertier letter kaem heit thús. Hy roan tsjin 'e trap oan, sa dat dy omfoel. Hy wie dronken. 't Joech presys itselde lûd as in kertier dêrfoar.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Vader lustte graag een borrel en kwam vaak dronken thuis. Moeder en ik wachtten dan op hem. Op een keer wachtten we en hoorden het geluid van de losse zoldertrap die omviel. Vader bleek pas een kwartier later te komen, die liep tegen de trap aan en toen hoorden we precies datzelfde geluid.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 mei 1973
Unbeschreibbare Spukerscheinungen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21