Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103021

Een mop (mondeling), woensdag 30 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie in féarts, dy kom altyd geregeld by in boer. Mar doe op in kear gong dy féarts mei fakânsje. En doe praette er mei in goekunde ôf, as dy him sa lang forfange koe as der hwat gebeure moest. Dyselde wie gjin féarts, mar dat hoefde net ien to witen.
It duorre net lang, doe kaem de boer by de forfanger.
Of mynhear even by in kou fan him sjen koe.
Dat gong oan. Togearre gongen se nei de stâl. De kou wie blastich, neffens de boer.
Doe sei de freon fan 'e féarts: "Ha jo ek in stoarmlantearne?"
Nou ja, sa'n ding hie de boer wol. Dy waerd opstutsen.
Doe sei er tsjin 'e boer: "Nou hâld ik de lantearne de kou foar de bek en dan matte jo fan achteren him ûnder 'e sturt sjen as jo ek ljocht sjogge."
Doe sei de boer: "Ik sjoch neat."
"Né," sei de 'féarts', "dat wol 'k wol leauwe, hwant dy kou is forstoppe. Ik sil him wol in drankje foarskriuwe."
En dat hat er dan ek dien en de kou hat it leven der ôf ret.

Onderwerp

VDK 1862D* - De verstopte koe    VDK 1862D* - De verstopte koe   

Beschrijving

Een veearts laat zich in zijn vakantie vervangen door een vriend, die geen veearts is. Tijdens die vakantie moet de vervanger naar een boer van wie een koe ziek is. Hij vraagt om een stormlantaarn, schijnt daarmee in de bek van de koe, en vraagt de boer of hij licht ziet bij zijn achterwerk. Als dat niet zo is concludeert hij dat de koe lijdt aan verstopping en schrijft een drankje voor.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1030, verhaal 21 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

30 mei 1973
De verstopte koe

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21