Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103406

Een mop (mondeling), donderdag 21 juni 1973

Hoofdtekst

Der stie in doomny to Surhuzum yn 'e oarloch. Dy sei op 'e preekstoel:
Geen knoop van de gulp
geef ik aan Winterhulp.
't Wie yn 'e oarloch. Der wenne ergens in kapper, dy hie in papegaei. Dy papegaei sei altyd: "Hitler is dood."
Doe kamen dêr Dútsers by dy kapper en dy hearden dat.
Dy seinen tsjin 'e kapper: "As er nije wike wèr sok praet hat dan meitsje wy him dea."
De kapper wie mâl mei syn papegaei en woe him net leafst dea ha. Hy gong nei de doomny ta, dy hie èk in papegaei. Dy lei er it gefal út. "Kinne wy ek foar in skoftsje ruilje?" frege er de doomny.
Dat wie de doomny bêst en sa kaem de papegaei út 'e pasterije yn 'e skearsalon fan 'e kapper tolânne.
De doomny syn papegaei koe allinne mar sizze: "Laten wij daarvoor danken."
De oare wyks kamen de Dútsers wer by de kapper. Hja gongen by de papegaei stean en seinen: Siz ris hwat.
Mar de papegaei sei neat. Doe seinen se: Mast ris sizze: Hitler is dood.
Mar de papegaei sei neat. Doe sei ien fan 'e Dútsers trije kear achter elkoar: "Toe, Hitler is dood! Hitler is dood! Hitler is dood!"
Doe die op 't lêst de papegaei syn bek iepen en sei: "Laten wij daarvoor danken."

Onderwerp

VDK 0237D* - "Hitler is dood!"    VDK 0237D* - "Hitler is dood!"   

Beschrijving

In oorlogstijd preekte een dominee dat hij zelfs geen knoop aan de Winterhulp zou geven. Kapper heeft een papegaai die 'Hitler is dood' zegt. Als Duitsers dat merken dreigen ze de papegaai te doden als het dier het de volgende keer nog zegt. De kapper ruilt met de papegaai van de dominee die 'Laten wij daarvoor danken' kan zeggen. De Duitsers trachten de papegaai 'Hitler is dood' te laten zeggen, maar als de Duitsers na zelf driemaal hebben gezegd, zegt de papegaai 'Laten wij daarvoor danken'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1034, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 juni 1973
"Hitler is dood!"

Naam Overig in Tekst

Hitler    Hitler   

Duitsers    Duitsers   

Winterhulp    Winterhulp   

Naam Locatie in Tekst

Surhuzum    Surhuzum   

Surhuizum    Surhuizum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21