Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103417

Een mop (mondeling), donderdag 21 juni 1973

Hoofdtekst

Der wie ris in doomny, dy wie krekt yn in nij plak kom.
Doe frege hy ris op in kear: "Hoe foldoch ik hjir by de minsken?"
"Och, oars wol goed," sei deselde, dy't er frege, "mar jo litte de minsken hwat to min sjonge. Dat koe eins wol oars."
Doe tocht de doomny: Dan sil dat oars.
Dat hy gong op in snein ris yn 'e preekstoel stean en doe liet er psalm 119 sjonge fan bigjin ta ein. Alle 88 fersen! De tsjerkegongers bigounen to sjongen en doomny forliet ûnderwyl de preekstoel en sette nei de pasterije ôf. Dêr siet er al gau prinshearlik by in bakje kofje.
In skoft letter sei er tsjin 'e faem: "Dû meist wolris yn 'e tsjerke sjen hoe fier as se binne."
Doe kaem de faem even letter werom en sei: "Se binne mei it tolfte fers oan 'e gong, doomny, en guon ha de jassen der al by út lutsen, sa bot sjonge se!"

Onderwerp

VDK 1831B* - De 119de psalm    VDK 1831B* - De 119de psalm   

Beschrijving

Gemeente meent dat nieuwe dominee meer moet laten zingen. Dominee laat gemeente psalm 119 met 88 versen te laten zingen. Oondertussen gaat hij koffiedrinken. Als hij het dienstmeisje laat kijken blijkt dat ze pas bij het twaalfde vers zijn en dat er zo hard gezon gen wordt dat sommigen de jas hebben uitgetrokken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1034, verhaal 17 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 juni 1973
De 119de psalm

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21