Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105102

Een mop (mondeling), zaterdag 07 juli 1973

Hoofdtekst

Yn 'e malaisetiid wienen in pear jonges der op út om wurk to finen. Doe kamen se by in hiele deune boer.
Dy sei: "Ja, ik ha wol wurk foar jimme, mar ite jim ek in protte?"
"Né, boer," seinen se, "wy ite mar in hiel lyts bytsje."
(Hwant sy woenen graech in plak ha, dêrom seinen se dat).
"Nou, sokke knechts kin 'k wol brûke", sei de boer.
"Hwat matte jimme fortsjinje?"
"Dat mat de boer mar witte, mar in goune per wike en de kost, dat is ús genôch."
"Dan nim ik jimme oan," sei de boer, "en dan kinne jimme fuort wol mei it wurk bigjinne. Joun om 6 ûre, dan krije wy waerm iten."
De beide jonges wienen de hiele dei oan 't wurk. 't Wie swier wurk by de boer, mar hja seinen der neat fan.
Doe't it wurk dien wie en it 6 ûre wie, doe moesten se yn 'e keuken komme to iten.
"Ik wyt net as jimme it meije, jonges," sei de boerinne, "mar wy ite joun beantsjebrij."
"O, dat meije wy wol," seinen de jonges, "hwat de kok skept, dat ite wy."
En doe bigounen se to iten.
Doe't de iene jonge fjouwer leppelsfol beantsjebrij hawn hie, sei er: "Ik mei gjin mear, hear, ik bin sêd."
"Ik mei èk gjin mear," sei de oare, "ik bin ek sêd."
De frou seach de boer ris oan en de boer seach de frou ris oan. En hja tochten by harsels: "Dit binne in pear guodkeape knechten. Dizzen, dy ite hast neat."
De beide jonges moesten yn 'e skuorre sliepe.
Om in ûre of alve sei Jan tsjin Klaes: "Hwat haw ik in honger. Hastû ek sjoen hwer't de boerinne de beantsjebrij hinne brocht hat? Hwant hja hat in hiel pannefol oerhâlden."
"Ik leau dat se 't yn 'e kelder delset hat. Hast wol sjoen hwer't de kelder is? Wist hwat wy dogge? Dû giest nei de kelder ta en dû ytst dy goed sêd oan 'e beantsjebrij en dû nimst my ek in sleeffol mei."
"Ja," sei Jan, "mar hoe mat ik it keammerke hjir yn 'e skuorre weromfine. 't Is ommers allegear donker. En as de boer en 'e frou mar net wekker wurde."
"Litst de doar mar iepen stean," sei Klaes, "dan kinst it altyd wol wer fine."
Hiel foarsichtich giet Jan fan 't bêd ôf. Hy giet nei de keuken ta en siket de keldersdoar op. En ja, dêr fynt er him en al gau is er by de panne mei beantsjebrij. Hy yt him dêr goed sêd. 't Wie net sa hiel lekker mear, 't wie al hwat kâldich. Mar Jan hie honger en dan smakket alles.
Doe krige Jan in greate sleef, dy die er fol en doe wer nei syn kammeraet ta.
Doe't er wer yn 't sliepkeammerke kaem, sei er: "Sjoch, Klaes, hjir is beantsjebrij."
Mar Klaes sei neat. Gjin wonder, hwant hy stie net foar Klaes syn bêd, mar foar dat fan 'e boer en boerinne.
Mar dêr hie Jan neat fan yn 'e gaten. De boerinne lei mei 't bleate gat oer de planke hinne fanwege de waermte. Mar Jan miende dat dat Klaes syn holle wie.
Hy sei nochris: "Sjoch, Klaes, hjir is beantsjebrij. Dû hast dochs ek honger, of bist yn 'e sliep fallen?"
Mar Klaes sei wer neat.
Doe waerd Jan lulk. "Hjir," sei er, "hjir hast de beantsjebrij." En hy kearde de sleef om en alle beantsjebrij kaem op Klaes syn gesicht tolânne. Dat miende Jan tominsten. Mar it kaem op 'e bleate kont fan 'e boerinne.
Mar doe woarde Jan kjel. Hy hearde dat der ynienen in gebrom út it bêd weikaem en doe krige er yn 'e gaten dat er by de boer en de frou yn 'e sliepkeamer torjochte kaem wie.
Hals oer de kop makke Jan dat er dêr wei kaem. Sa hurd as er koe fleach er nei 't oare keammerke, dêr't Klaes al in skoft op him siet to wachtsjen.
"Hast de beantsjebrij meinaem?" frege Klaes.
"O Klaes," sei Jan, "dit is net bêst. Wy matte gau sjen dat wy hjir wei komme."
Hy fortelde Klaes alles hwat der gebeurd wie. Hja dienen hastich allebeide de klean oan en makken dat se ta de skuorre út kamen. Doe't se bûten wienen reinde it.
"Wytst hwat wy dogge?" sei Klaes. "Wy nimme in healdoar mei. Dy kinne wy samar út 'e hingsels lichte. Dy hâlde wy boppe ús, dan ha wy gjin lêst fan 't reinen."
Dat dienen se. Togearre roannen se ûnder 'e doar en sa stapten se fuort.
In pear kilometer fierder wie in boskje. Dêr stienen grouwe beammen. En dêr krûpten se togearre yn ien fan dy beammen. Hja namen de doar mei nei boven en dêr krûpten se ûnder. It duorre net sa lang of se foelen yn 'e sliep.
En de oare moarns waerden se wekker, doe wie 't al tsien ûre.
Doe't de boer de oare moarns wekker waerd, sei er tsjin 'e frou: "Hwat nou, Tryn, hastû beantsjebrij skiten?"
"'t Kin bêst wêze," sei Tryn, "want ik hadde fannacht so'n pine yn 't lief."
"Nou, 't is tenminste allemaal boontjebrij hier in bed", sei de boer.
De beide jonges waerden sahwat om tsien ûre wekker en doe hearden se ynienen stemmen. Der kamen in stik of hwat muzikanten oan.
"Kom jonges," sei ien fan 'e muzikanten, "litte wy hjir even ûnder dizze beam sitten gean. Dan sille wy even telle hoefolle jild wy dizze moarn ynbard ha."
Wylst se drok oan 't tellen wie[nen] sei Klaes dêr heech yn 'e beam tsjin Jan: "Ik mat sa noadich hwat wetter kwyt."
"Ei nou," sei Jan, "pisje mar raek."
En Klaes bigoun to pisjen.
"Hé," sei ien fan 'e musikanten, "hemels water valt naar beneden."
Jan, dy't safolle beantsjebrij opiten hie, seit ynienen:
"Ik mat sa noadich út 'e broek."
"Nou," seit Klaes, "der is net ien dy't dy dat bilet. Gean dyn gong."
"Hemelse mosterd valt naar beneden", seinen doe de muzikanten. "En daar hoort nog zout bij."
En ynienen bigjint it hwat to waeijen en falt de doar nei ûnderen.
De muzikanten woarden sa kjel, dy tochten oars net as dat de wrâld forgong. Hals oer de kop seagen se om in hinnekommen. Se stouden alle kanten út en it jild, dêr't se mei oan 't tellen wienen, lieten se lizze.
"Sjesa", seinen de beide kammeraden. "Wy ha yn elk gefal nou safolle jild dat wy de earste dagen trochkomme kinne. En dan mar wer dei oan ried."

Onderwerp

AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."    AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."   

ATU 1691    ATU 1691   

Beschrijving

Jan en Klaas zijn hard op zoek naar werk en kunnen bij een gierige boer beginnen mits ze niet te veel eten. Ze werken hard en na vier lepels bonenbrij stopt een van hen al met eten. De boer en boerin zijn tevreden. Die nacht heeft Jan honger en gaat op zoek naar de pan in de kelder. Hij eet zich vol en neemt een grote paplepel vol mee voor zijn maat. In het donker vergist hij zich en komt in de kamer van de boer en boerin terecht. Als zijn maat niet reageert gooit hij boos de pap over de blote billen van de boerin, denkende dat dat het hoofd is van zijn maat. Van schrik pakken hij en zijn maat hun biezen en rennen naar buiten. Ze tillen de deur uit zijn hengsels en schuilen daarmee voor de regen. Ze vallen in slaap in een boom en worden pas wakker als er een stel muzikanten onder de boom is gekomen bezig met geld tellen. Als een van de twee moet plassen denken de muzikanten dat het hemels water is; als er poep valt denken ze dat het mosterd is, maar als de deur naar beneden valt, rennen ze verschrikt weg. Het geld hebben ze achtergelaten, zodat Klaas en Jan weer een paar dagen voort kunnen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1051, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

7 juli 1973
"Don't eat too Greedily"; AT 1653, The Robbers under the Tree; AT 1653A: Guarding the Door

Naam Overig in Tekst

Klaes    Klaes   

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21