Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105509

Een mop (mondeling), woensdag 08 augustus 1973

Hoofdtekst

Koaning Albert gong der wolris incognito op út, om gewaer to wurden hoe't it mei syn folk gesteld wie.
Sa kaem er ek ris in kear by in hûs, dêr stie in jonge foar. De koaning frege him hwer't syn heit wie.
"Heit is to jeijen", sei er. "Hoe mear hy fangt, mei hoe minder as er thúskomt."
"Hoe kin dat?" sei koaning Albert.
"Us heit hat lêst fan flieën", sei de jonge. "Nou is er de bosk yn en dêr sjocht er syn himd nei. Hwat mear hy fangt, mei hwat minder as er thúskomt."
De koaning tinkt: "Dat is in snoade jonge."
"Hwer is jimme mem?" freget er.
"Mem is om skea of skande út", sei de jonge.
De koaning sei: "Hoe bidoelst dàt nou wer?"
"Us mem hat kofje liend, fan buorfrou," sei de jonge, "en dat bringt se nou werom. As se tofolle werombringt is dat skea, bringt se to min werom, dan is it skande."
Doe sei de koaning: "Dat is ek sa."
Der siet in jongfaem yn 'e hûs. Dat fanke gûlde.
"Hwerom gûlt dat fanke?" frege de koaning oan 'e jonge.
"Hwer't se froeger om lake, gûlt se nou om", sei de jonge.
"Hoe kin dat?" frege de koaning.
"Hja koe froeger om elke finger wol in feint krije," sei de jonge, "mar doe woe se gjin ha."
De koaning naem de jonge mei nei syn paleis ta en liet him dêr fan alles sjen. Hja kamen ek yn 'e tún. Dêr sieten prachtige ierdbeijen yn en de jonge mocht der safolle fan ite as er mar woe. Mar der stie ek in omkearde blompot.
"Hwat sit dêr ûnder?" frege de jonge.
Doe liet de koaning it him sjen. In hiele moaije greate ierdbei siet dêr ûnder. "Dêr mast ôfbliuwe," sei de koaning, "dy is foar myn dochter."
Mar doe't dy jonge even allinne wie, tilde er de blompot op en iet de ierdbei op. Doe makke er de broeken los en lei in hoopke op it plak dêr't de ierdbei sitten hie en hy die de blompot der oerhinne.
Doe't de koaning dat fornaem, tocht er: "Ik sil dy jonge straffe." Hy joech de jonge in brief en sei: bring dy dêr en dêr even hinne. Mar dû mast op it antwurd wachtsje.
De jonge makke de brief ûnderweis iepen. Der stie yn, dat deselde dy't de brief brochte, moest safolle stokslaggen ha.
De jonge die de brief wer moai ticht. Doe sei er tsjin in keardel, dy't er tsjinkaem: "Wolle jo dizze brief wol even oan it adres bringe, dat der op stiet?" Dat woe dy man wol.
Sa rekke de jonge der noch bêst foar wei.

Onderwerp

AT 0921 - The king and the peasant's son    AT 0921 - The king and the peasant's son   

ATU 0921    ATU 0921   

Beschrijving

Koning onderzoekt incognito hoe het met zijn volk gaat. Een jongen zegt hem dat zijn vader aan het jagen is, dat hoe meer hij vangt met hoe minder hij thuiskomt [vangt vlooien]. Moeder is op weg naar schade of schande: brengt geleende koffie terug, als dat te veel is het schade, als het te weinig is schande. Meisje huilt omdat ze geen vrijer heeft, wilde toen ze er veel kon krijgen niet een hebben. Koning vindt jongen slim en laat hem het paleis en de tuin zien. Jongen mag zoveel aardbeien eten als hij wil. Alleen de grote voor prinses is verboden. Jongen eet die toch, legt poep onder bloempot. Als de koning dat te weten komt wil hij hem straffen. Jongen moet brief ergens heen brengen en op antwoord wachten, maakt brief open en leest dat hij daar stokslagen zal krijgen. Laat brief door iemand anders brengen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1055, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

8 augustus 1973
The king and the peasant's son

Naam Overig in Tekst

Koaning Albert    Koaning Albert   

Koning Albert    Koning Albert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21