Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105525

Een mop (mondeling), woensdag 08 augustus 1973

Hoofdtekst

Yn Grinzer Pein wenne krekt sa'n man as Jan Hepkes. Dy hie ek fan alles bileefd en hie nocht oan ûnnocht. Dat wie Jasper. Wite Timen wie syn maet, dy wie neat better.
Jasper siet op in kear by fjouwer frijgesellen yn 'e hûs, dat wienen twa susters mei twa bruorren.
"Is der ek hwat yn 'e handel?" frege Jasper.
"De âlde hinnen matte fuort," seinen se, "dêr matte wy piken foar yn 't plak ha."
Jasper sei: "Ik kin jim wol piken leverje, mar dan matte jim in goune it stik tajaen."
Dat leinen dy frijgesellen earst goed mei elkoar oer, doe seinen se, it moest mar trochgean.
Jasper helle de mendeijouns de âlde hinnen op. Hy knipte har de spoaren ôf en poetste de poatsjes op en makke de kammen hwat read. En doe brocht er de tiisdei-to-jouns deselde âlde hinnen wer nei dy fjouwer frijgesellen ta.
In pear dagen letter frege er hoe't it mei de piken gong.
Doe seinen se: "Jasper, hiel bêst." Se rounen by it rip op, seinen se, as hienen se der al jierren tahâlden.

Onderwerp

AT 1631A - Mule Painted and Sold Back to Owner    AT 1631A - Mule Painted and Sold Back to Owner   

ATU 1631A    ATU 1631A   

Beschrijving

In Groninger Opende woonde Jasper die net als Jan Hepkes van alles had beleefd en plezier had aan ongenoegen van anderen. Zijn maat Wite Timen was niet anders.
Jasper was eens bij vier vrijgezelle broers en zusters op bezoek. Op zijn vraag of er handel was zeiden ze dat de oude kippen weg moesten waarvoor jonge kippen in de plaats moesten komen. Tegen bijbetaling van een gulden per stuk kon Jasper wel kippen leveren. Jasper haalde de oude kippen op. Hij knipte de oude sporen af, maakte de kammen wat rood en bracht de oude kippen naar de vrijgezellen terug. Een paar dagen later vroeg hij hoe het met de kippen ging. Het ging heel goed, ze liepen naar de voerbak alsof ze dat al jaren deden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1055, verhaal 25 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

8 augustus 1973
Mule Painted and Sold Back to Owner

Naam Overig in Tekst

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Groninger Opende    Groninger Opende   

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Jasper    Jasper   

Wite Timen    Wite Timen   

Witte Tiemen    Witte Tiemen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21