Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105533

Een mop (mondeling), woensdag 08 augustus 1973

Hoofdtekst

Der wie in jonge, dy hie nei skoalle west. Hy kaem let thús. Syn heit frege him: "Hwer hastû sa lang west?"
"Dêr wie in hiele grouwe houn," sei de jonge, "wol sà dik as in kou, heit."
De oare deis soe dy jonge mei syn heit nei Ljouwert ta nei de merk. Sy moesten oer in brêge.
Heit sei tsjin 'e jonge: "Nou matte wy aenst oer de leugenbrêge."
"Oer de leugenbrêge?" frege de jonge.
"Ja," sei de heit, "dat is in brêge, as jy dêr oer rinne en jy ha liichd, dan sakje jo dêr troch."
Doe sei dy jonge: "Heit, dy houn wie net sa dik as in kou, hear: hy wie sa dik as in hokling."
Hja kamen tichter by de brêge.
Doe sei de jonge: "Heit dy houn wie net sa grou as in hokling, hy wie sa grou as in keal."
Op 't lêst wienen se oan 'e brêge ta. Doe sei er: "Heit, de houn wie ek net sa dik as in keal, 't wie in gewoane houn."
Doe kamen se feilich oer de brêge.

Beschrijving

Jongen komt laat thuis van school. Vader vraagt waarom. Jongen zegt dat er een hond zo groot als een koe stond. De volgende dag gaan vader en jongen naar de markt in Leeuwarden. Ze moeten over een brug, volgens de vader de leugenbrug waar je doorheen zakt als je gelogen hebt. Hoe dichter ze bij de brug hoe kleiner de jongen de hond schetst: van hokkeling, kalf tot gewone hond.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1055, verhaal 33 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

8 augustus 1973

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21