Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105718

Een sage (mondeling), vrijdag 21 september 1973

Hoofdtekst

In tsjoenster kin har yn in kat foroarje, in swarte kat meastal. As hja der nachts op út is to tsjoenen lizze de terms op bêd. Hja bitsjoent yn 'e regel bern. Dan makket se greate krânsen yn 'e kessens.
As in bern bitsjoend wie gongen se nei Kûkherne. Dêr wenne Wopke Minke, dat wie in duvelbanster. Dy joech dan in drankje mei. En dan sei se: "Nou sil der jo aenst wol ien tomjittekomme en dy wol it drankje sjen, mar tink der om, lit it net sjen. Der meije gjin oare egen oer gean.
Gebeurt dat, dan kinst it drankje wol yn 'e sleat smite, hwant dan is 't neat mear wurdich. Dan is de kracht der út.
As der dy ien passeart, lit him noait passeare oan dy kant dêrst' it drankje draechst. Al mast der ek troch troch in sleat, doch it net. Thús mast it drankje opbergje yn in donkere kast."
De krânsen waerden opbarnd. Wie de trêdde krâns foltôge dan wie it bern dea.
De bern droegen duveldrek op 't boarst om mar net bitsjoend to reitsjen. Ek dienen de lju duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
Fan in tsjoenster moesten jy noait hwat opite. Oars krigen jy in pod yn 't liif. En dan wie men bitsjoend.
De tsjoensters forgaderen soms as se har yn katten foroare hienen. Dan songen se. 't Gebeurde bûtendoar by nacht.
Tidens sa'n forgadering bipraetten se hwa't se bitsjoene soenen. Om 'e sawn jier moest in tsjoenster ien deatsjoene, oars gyng se der sels oan.
De tsjoensters hjir koenen fleane, dat seinen se ek fan Hanne Kramer. Dat fleanen gebeurde gewoanlik by nacht.

Beschrijving

Een tovenares kan zich in een kat veranderen. Als ze uit toveren gaat blijven haar darmen op bed liggen. Vooral kinderen worden betoverd, grote kransen maakt ze dan in de kussens. Wopke Minke was een vrouwelijke wonderdokter. Zij gaf het betoverde kind een toverdrank mee. Als iemand je tegemoet komt en vraagt of hij of zij het mag zien moet je dat niet doen anders verliest het drankje zn toverkracht, andere ogen mogen het niet bekijken. Ook mag niemand de kant passeren waar je het drankje draagt en thuis moet je het opbergen in een donkere kast. Kransen werden verbrand, bij de derde was het kind dood. Kinderen droegen wolfsmelk (duvelsdrek) op hun borst om zo niet betoverd te worden. Wolfsmelk werd ook onder de drempel gedaan zodat de tovenares niet in huis kon komen. Je mag ook nooit iets opeten wat een heks je geeft, anders krijg je een pad in je lijf en was je betoverd. Soms was er een heksenvergadering waarbij de tovenaars, heksen samen zongen en bespraken wie ze betoveren zouden. Iedere zeven jaar moet een heks, tovenaar iemand doodtoveren anders gingen hij of zij zelf dood. Tovenaars, heksen konden ook vliegen en dat gebeurde dan 's nachts.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1057, verhaal 18 (archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Wopke Minke    Wopke Minke   

Hanne Kramer    Hanne Kramer   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21