Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105807

Een sprookje (mondeling), dinsdag 25 september 1973

Hoofdtekst

Yn Ruslân wennen froeger in boer en in boerinne. Dy minsken buorken al mar achterút. It gong har sa min dat op 't lêst rekken se al har fé kwyt en hâldden se allinne mar mear in hynder en in koe oer.
Mar de need wie sa great, dat de boer moest ek it hynder forkeapje. De hynders jildden doe krekt dy wyks in goeije priis.
Der wienen trije studinten, dy wisten dat de boer der dy deis mei syn hynder op út soe om dat to forkeapjen.
Hja tochten: Wy sille dy boer to grazen nimme.
Doe gongen se op ongelikense plakken stean, dêr't de boer mei syn hynder lâns moest. In ein fan elkoar ôf.
Doe't de boer mei syn hynder oan 'e earste studint ta wie, sei dy: "Boer, sille jo dy koe forkeapje?"
"Hwat prate jo, 't is in hynder", sei de boer.
"Né," sei de studint, "'t is in koe."
De boer seach om en sei: "Dû bist mis, 't is in hynder."
Hy gong fierder en doe kaem er by de twadde studint.
Dy sei ek tsjin 'e boer: "Sille jo dy koe forkeapje?"
"Hwat ding?" sei de boer, "'t is in hynder."
"Né," sei de studint, "'t is in koe."
De boer seach om en tocht: "Haw ik hjir dan dochs in koe oan 't tou?" Mar hy sei: "'t Is in hynder", en hy gong fierder.
Doe kaem er by de trêdde studint. Dy sei ek al tsjin him: "Sille jo dy koe forkeapje?"
"'t Is in hynder, man", sei de boer.
"Né," sei de studint, "'t is in koe."
"Nou," tocht de boer, "dan sil 't wol sa wêze. Dit is nou al de trêdde, dy't biweart dat it in koe is." Dat hy forkocht it hynder oan dy trêdde studint foar de priis fan in koe. En de koeijen kosten doe krekt in hiel lyts bytsje, dat de earme boer barde der binei neat foar.
Hy komt thús en fortelt syn wiif hwat der gebeurd is.
Hja fûtert him út. "Dû hast dy raer by de poat nimme litten," sei se, "it is it hynder datst forkocht hast."
De wyks dêroan binne de koeijen tige djûr en de hynders guodkeap. De boer tinkt: "Dat tref ik. Nou mat ik de koe to jilde meitsje."
Hy giet der mei de koe op út. Mar de trije studinten binne ek nou wer op 'e hichte fan 't gefal. En hja binne op 'e selde plakken stean gong.
Doe't de boer mei syn koe oan 'e earste studint ta wie, sei dy: "Boer, sille jo dat hynder forkeapje?"
"In hynder?," sei de boer, "'t is in koe."
"Welné," sei de studint, "'t is in hynder."
De boer seach om en sei: "Né, hear, 't is in koe." En hy roan der mei fierder.
In skoft letter trof er de twadde studint, dy't ek al sei: "Boer, sille jo dat hynder forkeapje?"
"'t Is in koe", sei de boer.
"Jo forsjogge jo raer, boer, 't is in hynder", hâldt de studint fol.
De boer sjocht wer om en seit dan: "'t Is ommers in koe."
En hy reizget mei syn koe oan 't tou fierder.
Dan komt er by de trêdde studint. Dy seit fansels wer krekt itselde: "Boer, sille jo dat hynder forkeapje?"
"In koe is 't ", seit de boer.
"Jo binne raer yn 'e war, 't is in hynder", seit de studint.
Dan mat de boer it op 't lêst wol leauwe en hy forkeapet syn koe oan dy trêdde studint foar de priis fan in hynder.
En de hynders gauen dy wyks krekt sa'n bytsje jild, dat hy bart der hast neat foar.
Hy komt thús mei it bytsje jild en docht forslach oan it wiif. Dy fûtert him raer út. "Nou hast dy dan wèr troch dy trije studinten to grazen nimme litten", seit se.
Dan tinkt de boer: "Ik sil wraak nimme op dy trije banditen." En hwat docht er? Hy giet nei in oare boer ta en lient trijehûndert goune fan him.
Dan giet er nei de stêd ta. Dêr stapt er trije forskillende café's yn. Hy jowt elke kastlein hûndert goune en seit: "Nou kom ik hjir nije wike mei trije kameraden. Wy ite en drinke ús hjir sêd en dy hûndert goune binne foar jo. As wy ús bikomst ha fan al it goede kom ik oerein en dan draei ik dizze hoed in heal slach om en jo sjogge dêrnei. En dan siz ik: 'Hoefolle mat ik bitelje?' En dan sizze jo: ''t Is al bitelle'. Is dat ôfpraet?" "'t Komt yn oarder", sei de kastlein.
Sa praette de boer mei alle trije kastleins ôf.
De oare wyks noadige hy de trije studinten út om mei him nei stêd ta. "Ik sil jimme goed traktearje," sei er, "omdat ik sa'n goeije handel dien ha."
Doe gongen se mei har fjouweren nei 't earste café ta.
De boer bistelde fan alles hwat mar lekker wie. De studinten lieten 't har goed smeitsje. Hja waerden dêr let en set en doe't se allegear genôch hawn hienen gong de boer oerein stean. Hy draeide syn hoed in healslach om en doe sei er tsjin de kastlein: "Hoefolle mat ik bitelje?"
De kastlein sjocht nei 't draeijen fan 'e hoed en seit: "'t Is bitelle, mynhear."
De studinten ha dit allegear goed waernom en tinke: "Dit is in forduld moai spul."
De oare deis noeget de boer de trije studinten wer út. Hja geane wer nei stêd en sette nou op in oar café ta.
Dêr gebeurt presys itselde as yn 't earste. As se allegear genôch hawn ha komt de boer oerein, draeit syn hoed in healslach om en seit: "Hoefolle mat ik bitelje?"
En it antwurd fan 'e kastlein is: "'t Is bitelle, mynhear."
De studinten tinke by harsels: "Dit is al in hiel bysûndere hoed. Dy moesten wy eins ha."
Hja geane op hûs yn en fuort de oare deis noadiget de boer de trije studinten wer út om mei nei in café yn 'e stêd. De hearen ha der wol earen nei en dan geane se nei wer in oar café. As hja allegear sêd binne, komt de boer wer oerein en draeit syn hoed in healslach yn 'e rounte. "Hoefolle mat ik bitelje?" freget er.
"'t Is bitelle, mynhear", antwurdet de kastlein.
Mar dan sizze dy studinten: "Hwat matte wy foar dy hoed jaen?"
De boer beart earst dat er him net forkeapje wol, om dy studinten mar hiter to meitsjen. Mar as hja oanhâlde neamt er in hiel heech bidrach. Dat liket de hearen nergens nei. "Goed," seit de boer, "dan giet de keap oer. Ik hâld de hoed al sa leaf."
Mar dy studinten wolle beslist de hoed ha en op 't lêst jowe se de boer it jild dat hy der foar freget.
Dy giet mei in grou stik jild nei hûs ta, folle mear as hwat it hynder en de koe togearre wurdich wienen.
Mar de studinten geane de oare deis nei stêd ta nei in café. Mei de hoed. Ien fan 'e trije hat him op 'e holle. Hja litte har dêr bitsjinje en ite en drinke fan 't bêste en dan giet deselde mei de hoed oerein. Hy draeit de hoed in heal slach om en seit: "Hoefolle mat ik bitelje, kastlein?"
De kastlein komt der oan en seit: "Ik sil de rekken wol even opmeitsje." En even letter presenteart er de rekken dy't aerdich heech is. De studinten matte him bitelje.
De beide oare studinten sizze tsjin deselde dy't de hoed op hat: "Dû hast it net goed dien." Hja praetten ôf, de oare deis soenen se nei in oar café ta to iten en to drinken en dan soe ien fan 'e beide oaren de hoed op ha.
Dat gebeurde ek, mar ek nou bitelle de hoed net.
Doe't de man mei de hoed frege: "Hoefolle mat ik bitelje en wylst de hoed in healslach omdraeide, sei de kastlein, krekt as de foarige deis: "Ik sil de rekken wol even opmeitsje."
De trêdde deis gongen de trije studinten wer in oar café yn. Nou hie de trêdde de hoed op. Mar it gong him net better ôf as de beide earsten.
Doe hienen se dan yn 'e gaten dat de boer nou op syn beurt har foar de kroade riden hie.
Hja gongen lulk nei de boer ta. Mar de boer hie net oars forwachte. Dêrom hied er tsjin 'e boerinne sein: "As dy trije studinten hjir komme, en hja matte my ha, mast tsjin har sizze: "'t Is net bêst, mar de boer is krekt dea gien." Dan gean ik wylst gau op bêd lizzen.
Dêr wienen de studinten al. Hja seinen: "Hwer is de boer?"
De frou sei: "'t Is net bêst, mar de boer is krekt dea gien."
"Dat spyt ús," seinen de studinten, "hwant wy ha noch hwat mei him to forhakstûkjen."
De frou wie in snoaden-ien. Hja sei: "Nou, ik sil him wol even opwekke, hwant ik haw hjir in toverstokje. Dan tikje ik him dêrmei tsjin 'e teannen oan."
De boer lei sabeare dea op bêd. De frou tikket him tsjin 'e teannen oan en seit: "Boer, sta op!"
De boer riist oerein.
De studinten tochten: "Dat is in moaije stok, dy moesten w_ ha." Hja prakkesearren net mear oer wraek, doe't se dit sjoen hienen.
"Is dy stok to keap?" fregen se.
"Jawol," sei de frou, "mar hy is djûr."
Hja neamde in heech bidrach en dêr kochten dy studinten him foar.
Dy tochten: "Nou binne wy klear foar altyd. Wy kinne alle deaden opwekke, net in inkelde dokter dy't dat kin."
Hja gongen fuort en doe sei de iene tsjin 'e oare: "Nou matte wy eins ien deameitsje. Hwa sil dat dwaen?"
"Ik wol," sei ien fan syn maten, "ik doar it bêst dwaen. Wy hawwe him ommers samar wer yn leven. 't Hindert neat."
Hy naem in ein peal yn 'e hân en wachte ôf.
Doe kaem der ien oanfytsen.
De studint sloech him fuort dea mei 't ein peal dat er yn 'e hân hie.
Doe gongen se mei de toverstok oan 'e gong.
Earst prebearre de earste studint it. Mar de man bleau dea lizzen. Doe prebearre de twadde it. Mar it joech neat. Doe de trêdde. Dy hie like min súkses. De man bleau dea.
"Dit is net bêst", seinen de studinten. "Nou ha wy in moard dien en de boer hat ús al wèr topakken hawn. Hy hat ús in djûre stok oan 'e mage smard. Mar wy geane wèr nei him ta en dan ûntkomt er ús net.
Mar de boer hie al forwachte dat se wer komme soenen. Dêrom hied er in gat groeven foar de doar. Dat stie fol wetter en dêr hied er striespul oerhinne dien.
Doe't de studinten oan 'e doar ta wienen sakken se alle trije troch it strie yn it gat en hja forsûpten alle trije.
De frou sei: "Hwat nou?"
De boer sei: "Dat gat smyt ik moai ticht, fol mei modder."
Mar de frou hie 't net op dat plak stean. Hieltyd moest se oan dy trije studinten tinke en hja koe de gesichten net by har wei krije.
Der forroannen in pear wiken. De frou waerd al angstiger en angstiger. Hja doarst hast net mear ta de doar út. Hwant dan moest se oer dy trije liken hinne.
En it gong de boer ek al sa. Dy liken dêr yn dat gat flak foar de doar, dat bigoun him ek oan to grizen.
Op in kear sei er tsjin 'e frou: "Wyst hwat? Ik helje dy liken út dat gat wei en ik hingje se yn 'e spekskoarstjin."
Doe't er dat dien hie wie 't wer even rêstich. Mar de frou woe doch o sa graech dat se dy liken mar kwyt wie.
't Wie op in joun hiel need waer. De boer en 'e frou wienen beide o sa angstich, hwant de liken dy skodden dêr yn 'e skoarstien al mar hinne en wer troch de hurde wyn. Hja hearden de wyn piipjen, mar 't wie krekt as dienen dy trije liken dat.
It wie sok min waer dat de boer en de frou krûpten fan angstme tichte by elkoar.
Ynienen kloppe der ien op 't glês.
"Och," sei de frou, "dêr hast it al. Dêr hast al ien fan 'e trije foar 't glês."
Hja bleauwen beide stiif sitten. De boer wie ek binaud.
Doe woarde der wèr kloppe.
"Dû mast der hinne", sei de frou.
"Ik doar net", sei er.
Hja sei: "Ik doar ek net."
Mar op 't lêst gong de boer dochs hinne, hwant it klopjen hâldde oan. Hy moest wol.
Doe stie dêr in soldaet op 'e stûpe. Dy woe graech ûnderdak ha fanwege 't minne waer.
"Kom der mar gau yn", sei de boer noegjend. Hy wie bliid dat se selskip krigen hienen.
Hy sei tsjin 'e soldaet: "Wyt jo hwat. Drink earst mar in waerm bakje kofje op dan krije jo dêrnei hwat iten. Ik mat it fé noch even fuorje."
Mar dat lêste wie neat fan oan, hwant hy hie hielendal gjin fé mear.
Ynpleats dêrfan helle hy ien fan 'e studinten út 'e skoarstien wei en sette him yn 'e skuorre rjocht by 't hea op.
Doe gong er wer yn 'e hûs. Hy sei tsjin 'e soldaet: "Jo kinne hjir oars nergens sliepe as yn 't hea."
"Nou, dat is my bêst," sei de soldaet, "it stekt my neat net nau, hwer't ik sliep."
"Dat sizze jo wol," sei de boer, "mar jo wite noch net hwat hjir alle nachten to rêdden is. Elke joun stiet der in geest by 't hea op. Ik soe dêr net sliepe kinne."
"Ik wol," sei de soldaet, "dêr jow ik neat om. Foar geesten bin ik net bang."
Doe gong de boer mei de soldaet nei 't hea ta. Dêr stie de deade studint.
"Der ha jy 't al," sei de boer, "sjoch, dêr stiet er al."
"As 't oars net is," seit de soldaet, "dêr sil ik wol gau even mei ôfweve."
Hy pakt it lyk en sjout der in ein mei fuort en dan smyt er it yn in gracht.
Underhant hellet de boer gau de twadde studint ta de spekskoarstien út en dan set er dy by 't hea del.
As de soldaet werom is en dy deade studint dêr stean sjocht, seit er: "Forrek, dêr stiet er fordomme al wer." Hy tinkt dat it deselde geest is.
Dat hy raemt ek dizze en bringt him noch folle fierder fuort as de earste en dan smyt er him èk yn in gracht.
Mar as er weromkomt hat de boer de trêdde studint ek ta de spekskoarstien úthelle en dy stiet dan ek by 't hea.
"Dêr stiet er wrachtich al wer", seit de soldaet. "Mar nou sil 'k dan foargoed mei dy ôfweve", seit er tsjin 't lyk. En hy pakt it en bringt it noch folle fierder as de earste beide.
As er werom giet bigjint it al hwat to daegjen. Hy komt by de pasterije fan 'e pastoar lâns. De pastoar moest krekt even nei de W.C. ta, dy't bûtendoar stiet en sil de doar iepen dwaen. Hy is yn in ljocht pyamapak.
De soldaet wurdt him dêr gewaer. Hy tinkt net oars as dat is deselde geest wer, dy't er nou al foar de fierde kear sjocht.
"Forrek," seit er, "silst my wer foarby?"
En dan grypt er de pastoar by de W.C. En dan set er him op 'e kop yn 't húske, troch de bril hinne.
(dit forhael fortelde ús heit ús, doe't wy noch lytse jonkjes wienen.)

Onderwerp

AT 1539 - Cleverness and Gullibility    AT 1539 - Cleverness and Gullibility   

ATU 1539    ATU 1539   

Beschrijving

Boer laat zich bij verkoop van paard en koe foppen door drie mannen die beweren dat het paard een koe is en andersom. De boer en boerin foppen de mannen door een wonderhoed waarmee in cafés kan worden betaald en een wonderstokje waarmee doden weer levend mee worden. Als de mannen met de boer en boerin willen afrekenen verdrinken ze in een gat voor het huis. Het geweten van de boer en boerin gaat opspelen als ze enige tijd in het gat liggen, waarna ze in de schoorsteen worden gehangen. Ze raken de lijken kwijt doordat de boer ze één voor één in de stal zet als zijnde een spook, en door een soldaat die in de stal zal overnachten, worden weggebracht. Deze krijgt in de gaten wat er aan de hand is. Hij wil raad vragen bij de pastoor, die net in een lichte pyama
buiten naar het toilet gaat. De soldaat denkt dat hij ook een spook is en hangt hem met zijn hoofd in de toiletpot.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1058, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

25 september 1973
Cleverness and Gullibility

Naam Overig in Tekst

Ruslân    Ruslân   

Naam Locatie in Tekst

Rusland    Rusland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21