Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106802

Een sage (mondeling),

Hoofdtekst

In âld minske gong hjir op 'e Wâl hiel faek foar in tsjoenster troch. As bern wienen wy deabinaud foar de tsjoensters. Wy wisten dat se har yn in swarte kat foroarje koenen.
It is in kear gebeurd, doe seagen se hjir in wylde swarte kat, dy't se mei in klomp smieten. Se rekken him, wûnder boven wonder, hwant katten dy't tsjoensters wienen, wienen eins noait to reitsjen. Of jy moesten in gewear nimme en dêr in sulveren kûgel yn dwaen. Dy't dêr mei skeat koe sa'n kat reitsje. Mar neidat se dy kat rekke hienen wie der de oare deis in âld minske kreupel.
Hjir hat in âld man wenne. Dy hie op in kear allegearre swarte katten om 'e doar hinne, doe wie dy man noch jong.
Fan dy dei oan wie syn wyfke siik en hja is net wer better woarn. Der waerd sein dat se deatsjoend is.

Onderwerp

SINSAG 0592 - Hexentier kann nicht getroffen werden    SINSAG 0592 - Hexentier kann nicht getroffen werden   

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

SINSAG 0605 - Hexenkatze erscheint im Stall und Haus und verzaubert Menschen und Vieh.    SINSAG 0605 - Hexenkatze erscheint im Stall und Haus und verzaubert Menschen und Vieh.   

Beschrijving

Als kind waren we bang voor heksen, waarvan we wisten dat ze zich in zwarte katten konden veranderen. Dat een zwarte kat eens werd geraakt door een gegooide klomp, was een wonder. Alleen een zilveren kogel kon een zwarte kat raken. De volgende dag was een oude vrouw kreupel.
De vrouw van iemand was ziek vanaf de dag dat er allemaal zwarte katten rond het huis hadden gezeten. Er werd gezegd dat ze doodgetoverd is.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Hexentier kann nicht verwundet werden; Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen; Hexenkatze erscheint im Stall und Haus und verzaubert Menschen und Vieh

Naam Locatie in Tekst

Wâl    Wâl   

Veenwoudsterwal    Veenwoudsterwal   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21