Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ107511

Een mop (tijdschriftartikel),

Hoofdtekst

Der komt in keardel yn in café, dy giet op in krukje sitten by de bar. Hy hat in dikke houn by him. Dy giet ek op in krukje sitten by de bar. Hy seit tsjin 'e barjuffer: "Ik in glês bier en de houn ek in glês bier."
Doe sette dy barjuffer foar de houn in panne mei bier del. De man sei: "Né, de houn mat it bier yn in glês ha, net yn in panne. Hy hat in goeije opfieding hawn."
De juffer bringt de houn in glês bier. De houn krijt it tusken 'e poaten en drinkt it netjes op.
Doe sei de man: "Ik in stik bôlle mei gehakbol en de houn ek."
De man krijt it bistelde op in boardtsje mei foarke en mes der by, mar de houn krijt it op in bierfiltsje, sûnder mes en foarke.
De man seit: "Ho, de houn mat èk in mes en foarke ha."
Doe sei 't minske: "Eigenaerdich dat dy houn sa is."
"Och," seit de man, "dat is hiel gewoan. Op sex-gebiet is er ek krekt sa lyk as wy."
Hja koe 't har net bigripe.
De man sei: "As jo 't wite wolle, matte jo joun mar even oan komme."
Doe sei de faem: "Goed, dan doch ik dat. Mar ik bin net earder klear as ien ûre fannacht." Dat wie ôfpraet.
Hja kaem om healwei twaën en belle oan.
De man sei: "Gean mar op 'e diwan lizzen." Doe sei er tsjin 'e houn: "Hupla."
Mar de houn bleau lizzen.
Wer sei de man: "Hupla."
De houn bleau wer lizzen.
Doe sei er tsjin 'e houn: "Stommeling! Mat ik it dy earst noch foardwaen?"

Beschrijving

Man komt met hond in café. Beiden gaan op een kruk bij de bar zitten. De man bestelt voor hem en de hond bier en brood met een gehaktbal. Hij eist dat dat voor beiden op dezelfde manier geserveerd wordt. Als de barjuffrouw laat blijken dat het eigenaardig is dat de hond zo is, zegt de man dat de hond op sex-gebied net als mensen is. Om te zien dat het waar is moet ze maar langskomen. Het meisje doet dat. Nadat ze op de divan is gaan liggen krijgt de hond het bevel bij haar te gaan liggen. Als de hond niets doet zegt de man dat hij het schijnbaar voor moet doen.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20