Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ108512

Een sage (mondeling), zaterdag 16 maart 1974

Hoofdtekst

Ik hie in maet, dy wie like âld as ik. Ik tsjinne by de boer, mar hy farde op 'e Westereinder stoomboat. Tiisdeis gongen se nei Grins en woansdeis nei Dokkum ta. Dan moesten se de tiisdei-to-jouns har al klearmeitsje foar Dokkum, as se út Grins werom wienen.
Myn maet roun op in tiisdei-to-joune let by 't kanael lâns nei de brêge ta. Doe wienen dêr wol tsien katten om him hinne. Hy jage se fuort, mar se kommen hyltyd wer.
Se roannen him oer de klompen hinne.
Letter doarst er dêr net wer lâns.
Dy katten, dat wienen tsjoensters. Dy hâldden dêr in forgadering en hy steurde dy forgadering.

Onderwerp

SINSAG 0503 - Die gestörte Hexenversammlung (Tanz, Mahlzeit).    SINSAG 0503 - Die gestörte Hexenversammlung (Tanz, Mahlzeit).   

Beschrijving

Katten die man voor de voeten lopen en na wegjagen terukomen zijn heksen die in hun vergadering gestoord worden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1085, verhaal 12 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

16 maart 1974
Die gestörte Hexenversammlung

Naam Overig in Tekst

Westereinder    Westereinder   

Zwaagwesteinder    Zwaagwesteinder   

Naam Locatie in Tekst

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Dokkum    Dokkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21