Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ108619

Een sage (mondeling), dinsdag 19 maart 1974

Hoofdtekst

Der wenne in skipper op 'e Wâl, dat wie Tsjibbe Hoekstra. Dy levere turf oan Dokkum en oan 'e doarpen yn 'e Dokkumer Wâlden. Op in kear helle hy it jild op, dat er foar de turf barre koe. Op 'e joun gong er wer op hûs oan. Hy hie in protte jild by him.
Der wienen twa man dy wisten dêrfan en dy woenen him dy jouns ûnderweis birove fan syn jild.
Doe't Tsjibbe sahwat oan 'e Skilige Piip ta wie, hearde er de mannen oankommen. Hy tocht: dy kinne 't wolris om myn jild to dwaen wêze.
Der lei in boatsje omkeard yn 'e berm, dêr krûpte er gau ûnder. Hy hearde de beide mannen tichterby kommen en doe gongen dy op 'e omkearde skou sitten dêr't hy ûnder lei. Hja sieten dêr op him to wachtsjen. Dat hearde hy, doe't se dêr oer praetten.
It duorre de beide mannen op it lêst to lang. Sy gongen fuort. Doe krûpte Tsjibbe ûnder 'e boat wei en sa kaem er feilich mei syn jild thús.

Onderwerp

VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot    VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   

Beschrijving

Turfschipper is 's avonds met veel geld op weg naar huis. Twee mannen die dat weten willen hem beroven. Als de man hen hoort aankomen kruipt hij onder een bootje. De mannen wachten hem zittend op het bootje op, tot zij weggaan omdat het hun te lang gaat duren. De turfschipper kan veilig thuiskomen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1086, verhaal 19 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 maart 1974
De man onder de omgekeerde boot

Naam Overig in Tekst

Tsjibbe Hoekstra    Tsjibbe Hoekstra   

Dokkumer Wâlden    Dokkumer Wâlden   

Wouden    Wouden   

Skilige Piip    Skilige Piip   

Kille Pijp    Kille Pijp   

Tsjibbe    Tsjibbe   

Naam Locatie in Tekst

Wâl    Wâl   

Veenwoudsterwal    Veenwoudsterwal   

Dokkum    Dokkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21