Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ108702

Een sage (mondeling), donderdag 21 maart 1974

Hoofdtekst

Wy hienen in moaije siferse kat. It wie yn 'e krappe tiid. Doe sei ús buorman in kear tsjin myn man: "Dy kat matte jo forkeapje, dy is wol in tientsje wurdich." Myn man sei: "As dat sa is, dan forkeapje ik him."
Dat, doe strûpte myn man de kat en hy gong mei it fel nei Ljouwert ta om dat dêr to forkeapjen. Mar it die bliken, hy koe der lang gjin tsien goune foar krije.
Dat hy kaem mei de kat werom yn 'e bûse.
Doe't er thús wie, sei Jehannes tsyske, ús buorman: "'t Katsje forkocht?"
"Né," sei myn man, "ik bin der wer mei thús kom."
(Jehannes wist fan 'e kat neat ôf. Hoe koe dy nou sizze: 't Katsje forkocht - Dêrút blykt wol dat er mear koe as sljocht hinne.)

Beschrijving

Man vilt kat, omdat buurman zegt dat het vel goed geld zal opbrengen. Dit blijkt niet zo te zijn, en man neemt het vel mee terug naar huis. Buurman die van niets weet, vraagt of hij de kat verkocht heeft.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1087, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 maart 1974

Naam Overig in Tekst

Jehannes tsyske    Jehannes tsyske   

Johannes    Johannes   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21