Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ108806

Een sage (mondeling), zaterdag 23 maart 1974

Hoofdtekst

Dêr't nou it swimbad is fan 'e Westerein, dêr wenne froeger in âld minske yn in lyts hûske. Dat minske wie in tsjoenster.
As jonge fan acht jier moest ik it melken leare by de boer, dy wenne dêr net fier ôf.
By de boer wienen se deabinaud foar dat âldminske. Hja hienen in greate klobbe duveldrek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken, en se woenen har net heal by 't fé ha, hwant dan woarde it siik.
Hja hienen duveldrek op 'e drompel lizzen, dat se net yn 'e hûs komme soe.
Op in kear slachten se in bolle. Doe frege dat âld minske of hja de pânse en sok spul ha mocht (de yntaest). Dat mocht wol, mar doe brochten se dy pânse in hiel ein 't lân yn, achterút, hwant hja doarsten har net yn 't bûthús to hawwen.
Dêr waerd ús yndruid: nim net in pepermuntsje fan har oan, hwant dat wurdt in pod yn 'e mage.

Onderwerp

TM 3104 - Duiveldrek als afweer    TM 3104 - Duiveldrek als afweer   

Beschrijving

Uit angst voor vrouw die een heks zou zijn als afweer duiveldrek in het drinkvat, duiveldrek op de drempel, weghouden uit de stal, verbod een pepermuntje van haar aan te nemen, want dat zou in de maag een pad worden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1088, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 maart 1974
Duiveldrek als afweer

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Zwaagwesteinde    Zwaagwesteinde   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21