Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ108918

Een mop (mondeling), woensdag 27 maart 1974

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie in feint. Hja wienen togearre op it lân oan 't ploeijen. 't Wie winter en de boer krige kâlde hannen. Hy sei tsjin 'e feint: "Gean dû even nei de pleats en helje myn moffen op."
De feint giet nei de pleats ta en dan seit er tsjin 'e frou en de dochter: "Nou mat ik jimme beiden even brûke!"
"Hwatte?" seit de frou, gjin sprake fan.
"Nou," sei de feint, "de boer hat it sein."
"Allegear praetsjes", sei de boerinne.
"Nou," sei de feint. "dan sille wy de boer sels ris freegje."
Hy docht de doar iepen en ropt de boer ta: "Ien of allebeide?"
"Allebeide, domme duvel!" rôp de boer werom.
"Nou," sei de feint, "nou ha jim 't sels heard."
Doe koe de feint syn gong gean.

Beschrijving

Knecht moet voor boer beide handschoenen halen. Tegen de vrouw en de dochter zegt hij hun te moeten gebruiken, wat ze weigeren en afdoen als onjuist. Knecht roept naar de boer of het één moet zijn of allebeide. De boer antwoordt allebeide, waarop de knecht zijn gang kan gaan.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1089, verhaal 18 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

27 maart 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21