Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109809

Een sage (mondeling), dinsdag 09 april 1974

Hoofdtekst

Op 'e sûkerijfabryk oan 'e ein fan 'e Wâl hie ien fan 'e arbeiders, lytse Gosse fan Burgumerheide, op in kear sin oan pikelhearrings.
"Hwat woe ik nou graech in pikelhearring ha", sei er.
Jehannes tsiisrinder wie dêr ek op 'e fabryk.
Hja sitte even. Dan seit der ien: "Hark, dêr by de syddoar is in man mei pikelhearrings." Se hearre allegear dat der roppen wurdt: "Pikelhearrings!"
Lytse Gosse giet nei de doar ta, mar dêr is net in man mei pikelhearrings.
Even letter hearre se by de achterdoar roppen: "Pikelhearrings! Pikelhearrings!"
Lytse Gosse giet nei de achterdoar ta, mar makket wer in forgese reis. Doe sei der ien tsjin him: "Hast nou noch net yn 'e gaten, dat Jehannes it die?"
Jehannes koe bûksprekke.

Beschrijving

Het omroepen dat er pekelharing is wordt door buikspreker gedaan

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1098, verhaal 9 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

9 april 1974

Naam Overig in Tekst

Gosse    Gosse   

Jehannes    Jehannes   

Johannes    Johannes   

Naam Locatie in Tekst

Burgumerheide    Burgumerheide   

Bergumerheide    Bergumerheide   

Wâl    Wâl   

Veenwoudsterwal    Veenwoudsterwal   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21