Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA00505

Een mop (mondeling), dinsdag 17 april 1962

Hoofdtekst

Nolke wie in omstipper. Hy die leafst net to folle en koe better de hân ophâlde dan oan it ark slaen.
Mar op in kear wie Nolke net al to goed en gong er nei dokter Visser. Dr. Visser hie noch in buordtsje op è muorre: W. Visser geneesheer.
Nolke waerd ûndersocht en dokter sei: “Ik sil dy hwat pillen klear meitsje. Trije kear deis twa ynnimme.” Nolke wie bang foar syn hachje en fortroude it net al to goed. Dêrom sei er tsjin syn frou: “Dokter hâldde my oan. Hy wie ûngerêst oer dy. Do waerdst to dik, sei er. Hy hat my hwat pillen foar dy mei jown: trije kear deis twa.” Syn frou leauwde it en naem getreast de pillen yn. Doe har der neat fan oerkam, naem Nolke it ynnimmen oer. Dokter hearde der fan en sei tsjin Nolke: “Fortrouwst my net? En as it nou net doocht hie? Weagest dei dyn wiif oan?” “Ja”, sei Nolke, “dat wie fansels wol slim west, mar it himd is neijer as de rok en dan wie ik toch bûten skot bleaun.”

Beschrijving

Voordat een man zelf de pillen die hij van de dokter heeft gekregen inneemt, laat hij ze door zijn vrouw innemen. Op de vraag van de dokter of hij hem niet vertrouwt antwoordt de man dat het wel erg is dat hij de pillen heeft uitgeprobeerd op zijn vrouw, maar dat hij eerst aan zichzelf denkt.

Bron

Collectie Wouda, verslag 005, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

W. Visser    W. Visser   

Visser    Visser   

Nolke    Nolke   

Plaats van Handelen

Koudum (Friesland)    Koudum (Friesland)   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21