Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA013001

Een sage (mondeling), woensdag 04 juli 1962

Hoofdtekst

Sa goed as ik it yn ‘t ûnthâld ha, sil ik de stoarje fen it Drylster tsjerkhôfspoek forhelje, sa ‘t ik it fortellen heard ha.
Om 1830 hinne, wier der om it tsjerkhôf hinne in grêft, sadat it eins in eilântsje wier, en stie it mei de strjitte yn forbining troch in brechje, dat ôfslten wier mei in houten rafterstek.
Nou gou doedestiids it sizzen, dat sneontojouns, tusken toalve en ienen, der in wyt spoek foar de hikke forskynde en dan njûnkenlytsen wer wei waerd.
It wier sa, det mannichien him om dy tiid hinne net graech, of tommisen tige skruten, op it tsjerkhôfspaed weage.
Oan dy tsjerkhôfssteech, sa ‘t it paed hjitte en noch hjit, stie ek de skoalle en it hûs fen ‘e master. De master, dy ‘t dêr yn dy tiid wenne, wie in bidaerd, dimmen man fan net folle wurden, mar mei in soun forstân en foar syn tiid net efterlik.
As men him ris nei it spoek frege, dat dochs tichte by syn hûs tahâldde, joech er stéfêst ten andert: “Ik ha it noch nea sjoen en ik tink foar ‘t neiste, det it meast minsken binne, mei in net al to suver gewisse, dy’t it spoek sjoen hawwe.”
Op in sneontojoun siet in moai ploechje yn ‘e herberch om ‘e roune tafel, dêr ‘t de romer ek al ryklik roun gien wie. Fansels kaem it praet ek wer op it spoek. Grouwe Jelke, in gewanten knaep, dy ‘t oars syn man wol stie, sei:“Ik kom er joun foar gjin jild lâns.” En sokken wierne der mear. Reade Ype, in biisfeint, andere:“Dan bin der ek noch fen dy nijmoardrige masters, dy ‘t der neat fen leauwe; min soe der jin oer bisouwe; der binne dochs genôch, dy ‘t it mei eigen eagen sjoen hawwe.” Master, dy ‘t dêr mei in goekunde ek efkes siet, andere dêrop it selde, hwet er oars ek sei en stiek dêrnei mei syn goekunde ôf.
Ype naem ien fen syn maten geweken en lústre:“Wy moatte dy master ris to pakken ha. Hy bringt grif de freon fen him nei hûs en as wy nou handich binne, dan kinne wy foar de tiid wol by ‘t tsjerkhôf wêze. Ik helje wol in wyt lekken fen hûs.”
Ype en Jildert rekkenen ôf en stoepen nei bûten. It wie roet-tsjuster en krekt waer foar har foarnimmen.
Doe ‘t master syn kunde thús brocht hie en it paed yn draeide nei syn hûs, seach er it spoek: in greate ljochte forskining by it stek op it brechje. Master bleau stean. It like, dat it skynsel op him ta kaem. Master naem syn iken stok hwet fêster yn ‘e hân en trêdde op it brechje ta. In almeugend greate wite forskining riisde foar him op. Master seach it spoek ris oan en sei forheard:“Dit is wol raer. Twa spoeken op inoar ha ‘k wol ris fen heard; mar trije? Hwer komt dy tredde wei?”
Op dit sizzen waerd it spoek sa kjel, det it yn twaën op ‘e groun plofte en fen ruten spile.
Master trape nei hûs en de oare deis rounen Ype en Jildert, de iene mei in skylde noas en de oare mei in pear grouwe bûden, op ‘e buorren.
Men hearde neitiid net sa folle mear fen it spoek, howol sels yn myn tiid mannichien him mei toalven net tichte by it tsjerkhôf weage.

Onderwerp

VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop    VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop   

ATU 1676    ATU 1676   

VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop    VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop   

Beschrijving

Onderwijzer is niet zoals veel anderen, bang voor het spook dat op zaterdagavond om middernacht bij het kerkhof zou staan. Jongens proberen hem aan het schrikken te maken door hem met twee jongens op elkaar onder een wit laken te benaderen. De jongens schrikken echter zelf als de onderwijzer zegt dat hij wel eens twee spoken op elkaar heeft gezien, maar nooit drie.

Bron

Collectie Wouda, verslag 013, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

IJlster    IJlster   

Jelke    Jelke   

Ype    Ype   

Jildert    Jildert   

Drylster    Drylster   

Naam Locatie in Tekst

IJlst    IJlst   

Plaats van Handelen

IJlst    IJlst   

Datum Invoer

1962-07-04