Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ085304

Een sage (mondeling), donderdag 24 juni 1971

Leonardo_Diffusion_XL_a_realistic_photograph_of_a_medieval_jes_3.jpg

Hoofdtekst

Ûlespegel hie ris in kear in hynder forkocht.
Doe't de koopman frege of der ek hwat oan hapere, sei Ûlespegel: "Né, mar hy wol net oer beammen hinne."
"Nou," sei de koopman, "dat hoeft ek net." En hy kocht it hynder.
Doe soe de man 't hynder fuort mar ris prebearje. Doe soed er oer in brêge hinne. Mar dêr wie 't beest mei gjin stok oer to krijen.
Doe gong dy koopman werom nei Ûlespegel ta. Hy sei: "Hoe sit dat? Dat hynder wol net oer 'e brêge."
"Wel," sei Ulespegel, "dat koenen jo wite. Ik haw ommers sein dat er net oer beammen rinne woe. Nou, de planken fan in brêge binne dochs út beammen makke!"

Onderwerp

AT 1635* - Eulenspiegel's Tricks    AT 1635* - Eulenspiegel's Tricks   

ATU 1635* - Eulenspiegel’s Tricks    ATU 1635* - Eulenspiegel’s Tricks   

VDK 1635* - Eulenspiegel's Tricks    VDK 1635* - Eulenspiegel's Tricks   

Beschrijving

Een man kocht een paard van Tijl Uilenspiegel. Die zei dat het paard alleen niet over bomen wilde lopen, maar dat vond de man geen probleem. Maar toen ze bij een bruggetje aankwamen, wilde het paard daar niet overheen. Tijl zei dat hij had gezegd dat het dier niet over bomen wilde, de planken van bruggen zijn gemaakt uit bomen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 853, verhaal 4

Commentaar

24 juni 1971

Naam Overig in Tekst

Ûlespegel    Ûlespegel   

Tijl Uilenspiegel    Tijl Uilenspiegel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21