Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ005001

Een sprookje (mondeling), woensdag 15 juni 1966

Jaarsma2formKl.jpg
Jaarsma1formKl.jpg

Hoofdtekst

Op 'e brêge yn Amsterdam stie altyd in man mei in buske. It wie in earme bidler. "Denk aan de arme man" stie der op it buske. De bidler krige fan dizze en jinge in kleinichheit. Mar der wie in kaptein, sa faek as dy de bidler foarbykaem, smiet er in grou kwartsje yn it buske. Dat hied er al jierren dien.
Mar doe op in kear, doe kom dy kaptein wer foarby en doe roan er troch, sûnder hwat yn it buske to smiten.
En doe't er werom kom, krige de bidler wer neat.
Doe sei de bidler tsjin 'e kaptein: Ik mat us mei jo prate. Hoe komt it sa, dat jo neat mear yn it buske dogge?
Doe sei de skipper: Myn skip is forgong op sé, dat ik haw net in sint mear. Ik kin jo neat jaen.
Doe sei de bidler: Kom fan 'e middei us oan my ta. Ik wenje op dat en dat adres yn dy en dy strjitte. Dan sille wy togearre us oer jou gefal prate.
De middeis gong de kaptein dêrhinne. Mar hy tochte, dat er forbjustere wie, hwant it wie in hiele foarname strjitte en in deftich hûs, dêr't er oanbelle.
Mar hy wie wol to plak, hwant de bidler kom sels by de doar. Dy hie nou moaije klean oan, dat de kaptein koe him der hast net fan.
De bidler sei: Ik kin jo net in nij skip jaen, mar ik stean goed foar in nij skip. Dat jo kinne mar ien keapje. Mar jo matte dat skip fuortdaliks forsekerje litte. As it dan nòch ris in kear forgiet, kinne jo der in nij foar krije.
Sa woarde dus it goeddwaen leane.

Onderwerp

VDK 0942* - De dankbare bedelaar    VDK 0942* - De dankbare bedelaar   

SINAT 0845* - Belohnte Mildtätigkeit    SINAT 0845* - Belohnte Mildtätigkeit   

Beschrijving

Een bedelaar die al jaren elke keer een behoorlijk bedrag van een schipper krijgt, is verbaasd als hij niets meer geeft. Het blijkt dat hij niets meer kan geven, want zijn schip is vergaan. De bedelaar vraagt de man naar zijn huis te komen, waar blijkt dat de bedelaar een bemiddeld man is. Hij wil borg staan zodat de schipper een nieuw schip kan kopen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 50, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

15 juni 1966
De dankbare bedelaar

Naam Locatie in Tekst

Amsterdam    Amsterdam   

Plaats van Handelen

Amsterdam    Amsterdam   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21