Hoofdtekst
It pealtsje fan Easterlittens
Der wie in skuonmakker, dy wenne mei syn wyfke yn Easterlittens. Hja hienen it mar krap, hwant Easterlittens wie mar in lyts doarpke en de measte lju roannen dêr yn klompen.
Op in moarn sei de skuonmakker tsjin syn wyfke:
"Ik mat fuort."
"Dû fuort," sei se, "hwerhinne?"
"Ik mat nei Amsterdam", sei er.
Hja wie tige forbaesd en sei: "Hoe komst dêr by?"
Hy sei: "Ik ha droomd. Ik droomde, dat ik moest nei Amsterdam ta gean nei in brêge ta, tichte by de Schreierstoren. Dêr soe ik in persoan moetsje en mei him prate en dat soe my gjin wynaeijen lizze."
"Wytstû hwer't Amsterdam leit?" frege se.
"Né," sei er, "mar dat fyn ik wol."
"Dû bist gek," sei se, "gean oan dyn wurk."
Hy sei: "Ik gean nei Amsterdam."
En hy kaèm yn Amsterdam en nei lang sykjen foun er ek de biwuste brêge. De hiele dei roun er dêr op dy brêge om, mar dêr gebeurde neat. In soad minsken passearden dêr, mar net ien dy't mei him bigoun to praten. Dat hy joech de moed al in bytsje forlern doe't it joun waerd.
Mar op 'e joun kaem dêr in mynhear oanstappen. Dy bleau by him stean en sei: "Jo rinne hjir de hiele dei al op dizze brêge om. Hwat hat dat eins to bitsjutten?"
Dat sil 'k jo fortelle, sei de skuonmakker. En doe die er syn forhael oan dy pûrfremde mynhear. Syn lêste wurden wienen: "...en dan soe der in man by my [komme] en dy soe mei my prate."
De fremde mynhear lake. "Jo matte nei hûs ta gean, man. Dromen is bidroch. Ik haw okkerdeis èk droomd. Ik droomde, dat ik moest nei Fryslân ta. Dêr soe ergens yn in doarp in hûs stean yn 'e buorren, mei in bleek dêrby. Yn dy bleek wie in pealtsje mei in steltsje der boppe op. Mar ik gean dêr net hinne, ik leau dêr neat fan. Bigryp ris oan: Dat pealtsje moest ik der út dolle. Hwant dêr siet in protte jild ûnder yn 'e groun."
En doe gong dy mynhear fuort.
Mar nou wist ús skuonmakker genôch. Dat pealtsje mei it steltsje dêr boppe op, dat stie by himsels yn Easterlittens yn 'e bleek!
Hy makke dat er thúskaem.
"'t Hat dy neat jown, wol?" sei syn wyfke.
Hy sei neat, mar krige in stik ark en hy gong dêr fuort mei nei de bleek. Hy groef de peal út 'e groun en doe dolde er fierder. Al gau stompte de lodde op hwat. Hy fierder oan 't graven. Doe kaem dêr in tsjettel to foarskyn. Hy die 't lid der ôf en doe blykte 't dat dêr allegearre goudstikken yn sieten. Hy der mei yn 'e hûs. Hy liet it syn wiif sjen.
"Is de droom útkaem of net?" sei er, "nou binne wy smoarryk."
De sinten waerden der út helle en de tsjettel moai oppoetst. 't Wie in koperen tsjettel. Dêr stie ek hwat op to lêzen, mar hwat dat wist er net, hwant it wie in fremde tael. En hy koe der ek net ien nei freegje.
Op in kear kaem doomny op hûsbisyk. Dy seach dy tsjettel dêr stean.
"Dat is in moaije tsjettel," sei er, "hoe komme jo dêr oan?"
"Dy ha 'k al lang hawn," sei de skuonmakker, "dat is in âld erfstik."
"Dêr stiet hwat op to lêzen", sei de doomny. Hy sette de bril op en naem de tsjettel fan 'e skoarstienmantel.
"'t Is latyn", sei er.
"Hwat bitsjut it, dûmny?" frege de skuonmakker.
Dêr stiet op to lêzen: "Under dizze tsjettel sit nòch in tsjettel."
Dy jouns bigoun de skuonmakker wer to dollen op itselde plak. Efkes djipper as de foarige kear stjitte de lodde wer op hwat hurds. En dêr kaem wer in tsjettel to foarskyn. De earste hie foar in trijefjirde part fol west mei goudstikken, mar dizze wie smoarfol.
Nou wie de skuonmakker in wolsteld man.
(pake fortelde it)

Onderwerp
AT 1645 - The Treasure at Home   
ATU 1645 - The Treasure at Home.   
SINAT 1645 - Der Traum vom Schatz   
Beschrijving
Een arme schoenmaker droomt dat hij op een bepaalde brug in Amsterdam een persoon zal ontmoeten die hem erg rijk zal maken. Hij spoedt zich naar de hoofdstad en stelt zich op op de bewuste brug. Pas tegen de avond spreekt een mannetje dat zich ook al de hele dag op de brug bevindt hem aan. De schoenmaker vertelt wat hem overkomen is en het mannetje spoort de man aan naar huis te gaan omdat 'dromen bedrog zijn'. Het mannetje verklaart ook een droom gehad te hebben: hij droomde over een paaltje in Friesland waaronder een schat verborgen zou liggen. Uit de beschrijving die het mannetje van het huis geeft, maakt de schoenmaker op dat hem om zijn eigen huis gaat. De schoenmaker weet genoeg en spoedt zich hierop naar huis. Even later graaft hij een koperen ketel met goud op uit zijn tuin. Op de pot staat een inscriptie in het Latijn die het stel niet kan lezen. Als de dominee het nu rijke echtpaar eens bezoekt, vertaalt hij de spreuk: 'Onder deze ketel zit nòg een ketel'. Kort daarna graaft de schoenmaker de tweede ketel op, die nog veel voller is dan de eerste.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1212, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
3 augustus 1979
The Treasure at Home
Naam Overig in Tekst
Oosterlittens   
Naam Locatie in Tekst
Easterlittens   
Amsterdam   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21