Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE251 - Lânhearre en boer

Een sprookje (boek), maandag 21 februari 1972

Hoofdtekst

Lânhearre en boer
It is in boer, dy buorke net te goed. Hy liet de boel fertutearzgje. De stikels yn 'e greide bleauwen sa lang stean by him, dat se bloeiden. Dan komt der sied fan en fan it sied nije stikels. Alles wie oerkommen op syn pleats. It gong oer de hege skuon en doe kaam de lânhearre syn rintmaster del en dy sei: 'Ja, ho ris, dit giet sa net goed'. Hawar, boer en boerinne seinen him ta, it soe oars, se soenen har bêst dwaan, mar de twadde kear dat de rintmaster kaam koe er neat gjin ferbettering sjen. 'No ja', sei de rintmaster, 'ik sil 't oan mynhear sizze'.
En doe mei ferrin fan tiid ferskynde mynhear sels. De boerinne kaam by de doar en se waard der bleek fan om 'e holle. De lânhearre hie der sels noch noait west. Se koenen inoar net ienris - alles gong oer de rintmaster —, mar se hie wol yn 'e rekken, dat der wat wankte. De boer wie net by honk, mar mynhear moast der mar gau yn komme, dan soenen se him sykje. 'Nee', sei de lânhearre, 'ik kom der net yn. En sykje mar net, ik kin it mei jo wol ôf. Sis mar tsjin jo man, dat er fan 'e pleats moat'.
Doe waard de boerinne noch witer om 'e noas, en hoe't se ek prate en krimmenearre, der wie gjin ferwin op. Ja, op 't lêst sei de lânhearre: 'Ik wol him noch ien kâns jaan. Dan moat er yn nije wike by my komme en trije fragen be-antwurdzje. Dy sil ik jo hjir neame en jo moatte se mar oan him oerbringe: hy moat my mar ris fertelle, hoefolle stjerren as der oan 'e loft steane. Twad moat er my ferdútse, wêr't it middelpunt fan 'e wrâld is, en tred moat er my in ding sûnder ein neame. Ja, en as er dan by my is, moat er my boppedat noch sizze, wat ik op dat stuit tink'.
Dêr siet de boer raar mei yn 'e mage, dat kin men begripe. Hy rûn der mar mei om en hy rûn der mar mei om. Op 't lêst lei er de saak út oan syn âlde arbeider. Dat wie in kleare keardel, dy hie al lang murken, dat de boer hjir of dêr mei oan wie. No, dy âlde arbeider sei: 'Lit dat mar oan my oer. Dêr sil ik my wol mei rêde'. Doe krige de boer it gâns rommer.
Afijn, de oare wyks ferklaaide de arbeider him sa kreas as it koe. Hy liende wat spullen fan 'e boer, hy liet de seas ynslaan en ried nei de stêd, nei de lânhearre. In hiel great stik papier hie er yn 'e bûse, dêr hie er mei 't potlead oeren lang oars net as lytse puntsjes op set, se wienen net te tellen. Hy hie in tomstok yn 'e bûse en in heinderbal.
Op 'e ôfsprutsen tiid kaam er by de lânhearre en hy waard der fuort ynlitten.
'Kom, dêr wienen jo al', sei de lânhearre, 'no moatte jo my earst mar sizze, wêr't it middelpunt fan 'e wrâld is'.
'Dat is no wol raar, mynhear, mar dat is krekt wêr't mynhear sit'.
'Hoe witte jo dat'.
'Ik ha de tomstok meinommen—as mynhear it net leauwe wol, ik soe sizze, dan mjit er it mar nei'.
'Oh! No, dan moatst my mar ris fertelle, hoefolle stjerren as der oan 'e loft steane'.
'Dat komt klear'. De man neamde in getal — ik wit net mear hoefolle — en helle syn grut stik papier ta de bûse ut. 'Sjoch, dêr stean se op. As mynhear it net leauwe wol, dan telt er se mar nei'.
'Oh!' sei de lânhearre wer, mar hy tocht, ik krij dy doch wol, baas! 'No in ding sûnder ein', sei er.
'Dat komt ek klear, lânhearre! Sjoch, hjir hat mynhear it!' En hy joech him de heinderbal oer.
Mar diskear ûntkomst my net, âlde! tocht de lânhearre. 'Dan moatst my noch sizze, wat ik tink!'
'Dêr bin ik gau klear mei. Mynhear tinkt, dat ik de boer bin, mar ik bin de arbeider'.
De lânhearre hie sa'n wille om it gefal, dat de boer koe op 'e pleats bliuwe.

Onderwerp

AT 0922 - The shepherd substituting for the priest answers the king's questions    AT 0922 - The shepherd substituting for the priest answers the king's questions   

ATU 0922 - The Shepherd Substituting for the Clergyman Answers the King’s Questions.    ATU 0922 - The Shepherd Substituting for the Clergyman Answers the King’s Questions.   

Beschrijving

Een boer bewerkt zijn land niet goed. Hij moet bij de landheer komen. Als hij drie onbeantwoordbare vragen goed beantwoordt, mag hij blijven. De boer ziet er tegenop om te gaan, dus gaat de arbeider in zijn plaats. Op een slimme manier weet hij de landheer te verslaan. De laatste opdracht is, dat hij moet zeggen wat de landheer op dat moment denkt. De arbeider antwoordt: "U denkt dat ik de boer ben, maar ik ben de arbeider." Hier heeft de landheer niet van terug, en de boer mag op zijn land blijven.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn 1979, p.261.

Commentaar

21 feb. 1972
The Shepherd Substituting for the Priest Answers the King's Questions

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20