Hoofdtekst
Jins broer ferkeapje
Der wienen ris twa bruorren earne yn Fryslân, dy kamen út in grutte arbeidershúshâlding en se hienen it ôfgryslike earm. Doe hearden se allerhanne ferhalen oer Amearika, dêr wie it fetpot. Mar hoe moasten se dêr komme? Jild foar de oertocht hienen se net. Mar lang om let krigen se fan in omke doch safolle los, dat se as passagiers op in frachtskip mei koenen. It wie noch yn 'e tiid fan 'e sylfeart, dat se wienen moannen ûnderweis. Mar op 't lêst bedarren se doch sûn en wol yn Amearika en dêr soe it heve. Se tochten, dat it goud der op 'e strjitte Iei, mar dat foel raar ôf. Soms wie der wurk, soms ek gjin wurk, en dan wie it by it hongerlapjen om 't ôf.
Njonkenlytsen bedarren se yn in Iyts plakje en dêr waard lân útjûn oan pioniers. Dat blonk har moai yn 'e eagen: boer wurde, wat woe in boere-arbeidersjonge doedestiids leaver? It lân koste omtrint neat, mar foar har doch noch krekt tefolle. Mei't se doch gjin oanslach hienen, reizgen se ris nei de stêd dy't dêr net safier ôf lei. Se belânen op in merk en dêr seagen se har de eagen út 'e holle. Dêr stienen hannelers, dy hienen negers te keap — it wie noch foar de ôfskaffng fan 'e slavernij. Se seagen wol, dat der gâns planters of farmers wienen dy't gading oan sa'n neger makken. Se murken ek wol, dat in neger dy't aardich wat yn'e bouten hie in slompe jild opbrocht.
De twa bruorren kamen wer thús, yn it plakje dan dêr't se ferkearden, en doe sei de âldste tsjin syn broer: 'Witste wat wy dwaan moatte? Ik sil dy hielendal swart meitsje, krekt as in neger, en dan ferkeapje ik dy as slaaf. Wy barre grif genôch om lân te keapjen foar in fikse pleats'.
'Jamar', sei de jongste, 'dan kinsto boer wurde, mar ik bin slaaf'.
'Wel nee, ju', sei de oare, 'ik smar dy yn mei swartsel datst der maklik wer ôf waskje kinst. Sa gau ast allinne bist, himmelst dy mar ôf en dan rinst nei hûs — giin minske dy't sjocht datsto dy nije slaaf biste'.
'No, toe dan mar'.
Sadree't it wer slavemerk wie, gongen de beide bruorren nei de stêd, de iene blank en de oare swart. De swarte wie in stevige knaap en doe't syn broer mei him begûn te merkjen, duorre it mar efkes of hy hie him oan in farmer ferkocht foar hûndert dollar, en dêr sette er mei nei hûs.
De jûns op bêd fielde er him doch net noflik. No moast syn broer ris trappeard wêze — der wie gjin rie ta! Mar yn 'e neinacht hearde er gestommel — dêr wie de jongste al wer thús, blank wosken en wol.
Doe kochten se lân en dat begûnen se oan te meitsjen. Se buorken merakel bêst, en mei in jier of wat wienen it Iju mei jild. Likegoed fielden se har net hielendal lokkich yn 'e nije wrâld. Se krigen allebeide langst nei Fryslân, en op in goede dei seinen se: 'Wy ferkeapje de boel en wy geane werom oer de grutte dobbe. Dan sjogge wy dêr wol, wat wy mei ús protte jild begjinne'. Sa hawwe se dien. Mar ear't se de reis oangongen, stjoerden se de man dy't de iene broer kocht hie syn hûndert dollar werom.
Yn Fryslân koenen se in knappe pleats foar har jild keapje, en reau en beslach, en alles wat der mar ta beheart om fiks boer te wurden.

Beschrijving
Twee Friese broers gaan naar Amerika. Eén van de twee verft zich zwart, en de ander verkoopt hem voor honderd dollar op de slavenmarkt. Zodra de nep-slaaf de verf van zich afgewassen heeft, vlucht hij, en de broers gebruiken het geld om een boerderij te beginnen. Als ze uiteindelijk weer terug naar Friesland gaan, geven ze de bedrogen slavenkoper zijn honderd dollar terug.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.283.
Commentaar
18 okt. 1976
Naam Locatie in Tekst
Friesland   
Amerika   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20