Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

Bestand #3578: "Geeske_02_05.mp3"

Bestand #3578: "Geeske_02_05.mp3"

Beschrijving

JV: dat van die bonen op de achterkant van de lepel, dat kan hier misschien nog even bij. Het staat niet op de
DJ: nee, o ja, van die, hetzelfde. Datselde dus fan dy feint dy’t by in boer wennet of sa en dy feint dy mocht gjin beantsjes (FK: ja) Dat wolle wy graach even hearre (FK: ja) Stean op dy’t mei wol, wurdt der wol sein (FK: wat?) Stean op dy’t mei wol, seit er dan (FK: o) Of ha jo dat der net by (FK: nee) O, dat ken. Sjoch, dat seit er hieltyd: sta op die mee wil, stean op dy’t mei wol. En dy beantsjes, dy falle der altyd ôf, omdat dy leppel omkeard is. Of kenne jo it ferhaal net?
FK: ja, ik ken it wol. Ik wyt it wol sawat. Sju, de, mar soks ja. Ik soe it. Sa wie it ek al by ús pake en beppe. Dêr wie ek in lytsfeint en dat is no. Mar dit is de beantsjes, hin. Ja. Dy feint dy, hy komt fan achteren, achteren en dy seit: al wer brune beantsjes. Ja, beantsjes ite.Ek mei brune beantsjes. Hy sei: ik mei gjin brune beantsjes en de faam seit ek: ik mei gjin brune beantsjes. Sân kear yn de wike dat is my tefolle en hy sette de leppel der omkeard yn, hin. Mar sy krigen ek net wat oars, hin en dy frou helle gjin oar iten foar hun. Dat sy krigen wol honger op den dei, mar it gong sa fuort. Sy krigen gjin letter oar iten, dat hie holpen. En doe krigen se, komt de oare winter, doe wie er tink al troud en doe wie it slim. Honger, snije en alles en dêr kômen se by de ierappels. Woe sa graach wat ierappels ha, mar de boer sette de skeppe der omkeard yn. En sei er, sa krij ik gjin. Nee, sei er, ik doch no krekt as datst doe mei de beantsjes diest, doest beantsjes ite moest. Mar doe sei dy feint: miskien komt it ek noch wolris, dat de boer sa fier komt en gjin ierpels krije kin evenmin as dat ik se no út ‘e skeppe krij. Ja. Mar it kôm net, hy krige gjin. En hy gong wer fuort, mar by de boer dêr njonken, o ja, dêr krige er al. Dat hy kôm noch vergenoegd wer thús.
DJ: dit verhaal heb ik niet genoteerd
JV: ik heb nooit iets van dit verhaal begrepen. Het is een eigenaardig verhaal
FK: ja
DJ: maar het is wel een duidelijk verhaal

[Voskuil komt later weer op dit verhaal terug; zie tweede geluidsfragment]