Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE213 - Fret my dan mar op

Een sprookje (boek), woensdag 19 december 1973

Hoofdtekst

Fret my dan mar op
Op 'e dei fan 'e P.C. sieten der yn 'e Bogt fan Guné, it ferneamde Frjentsjerter studinteweardshûs, in ploech Frjentsjerters en in ploech Harnzers. De Frjentsjerters koenen it lekskoaien op Harns net litte. Op 't lêst hie ien it folgjende ferhaaltsje.
In Frjentsjerter kikkert wie sa ûnfertúnlik en lit him krije troch de earrebarre. De earrebarre sette mei him de loft yn, want dy hie thûs in nêst mei jongen. De kikkert seach syn ein kommen, dat dy mar krimmenearje dêr boppe yn 'e loft. Mar de earrebarre sei: 'Ja jonge, thûs sitte se op my te wachtsjen'. Ja, op my ek, tocht de kikkert. Hy sei: 'Jo fleane no nei hûs en my sille jo der oan weagje, mar ik ha thûs allyksa wiif en bern en ik wol ek noch graach wat libje. Asjeblyft, lit my doch gean. Wy binne hjir tichte by de see, jo kinne doch wol wat oars krije as in kikkert!' Hawar, hy lamentearre sa lang, dat de earrebarre liet de kop der al wat nei hingje.
De kikkert sei: 'Jonge, as jo my no falle litte, dan rêd ik my wol wer'. Mar hy frege der efteroan: 'Wêr binne wy hjir feitlik?'
'Boppe Harns', antwurde de earrebarre.
'Fret my dan mar op!' sei de kikkert.

Onderwerp

VDK 0231A* - De kikker en de ooievaar: "Vreet mij dan maar op!"    VDK 0231A* - De kikker en de ooievaar: "Vreet mij dan maar op!"   

Beschrijving

De ooievaar heeft een kikker te pakken die vraagt of de ooievaar hem weer wil laten gaan. Als de ooievaar hem laat vallen dan redt hij zich wel. Vervolgens vraagt de kikker waar ze zijn, en als hij de plaatsnaam hoort, zegt hij: "Vreet mij dan maar op!"

Bron

Ype Poortinga. De foet fan de reinbôge, Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.227

Commentaar

19 december 1973
De kikker en de ooievaar: "Vreet mij dan maar op!"

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20