Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040403

Een sage (mondeling), donderdag 16 mei 1968

Hoofdtekst

Der wie in greatfeint, dy wenne by de boer yn Boarn. Op in kear gong er nei Hinke ta. Hy woe de takomst wite. Hinke sei, der soe him in great ûngelok oerkomme. De greatfeint leaude it net.
Der wie ek in lytsfeint by har op 'e plaets. Dy wie deabinaud yn 't tsjuster. Doe moest der us in kear in stik ark helle wurde. Dêr moesten se twa, trije stikken lân foar delrinne. 't Wie al tsjuster. De lytsfeint woarde der op útstjûrd om dat stik ark to heljen, hwant sy moesten it brûke.
Doe tocht de greatfeint: "Nou sil ik him bang meitsje." Hy gong op healwei by in hekke stean mei in lekken oer de kop en dêr wachte er de lytsfeint op.
De lytsfeint kom in skoft letter hymjend en blazend thús.
"Hwat is der nou oan?" fregen se him.
Doe sei de lytsfeint: "Der wie hwat by de hekke. Hwat it wie, dat wyt ik net, mar 't wie wyt en ik ha 't op 'e kop slein."
Doe't se der hinne gongen, die bliken, dat de greatfeint, dy wie deaslein.
Dit is sa'n sechstich jier lyn gebeurd.


Onderwerp

VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder    VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder   

ATU 1676 - The Pretended Ghost    ATU 1676 - The Pretended Ghost   

Beschrijving

Een oudste knecht werd eens voorspeld dat hij een groot ongeluk zou krijgen, maar hij geloofde het niet. De jongste knecht moest op een avond het land in om iets te doen. De oudste knecht besloot hem eens flink te laten schrikken. Hij wachtte hem op met een wit laken over hem heen. Toen de jongste knecht thuis kwam, vertelde hij in horten en stoten iets wits op de kop had geslagen. Ze gingen kijken, en vonden het dode lichaam van de oudste knecht.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 404, verhaal 3

Commentaar

16 mei 1968
Spookspelen: Het spook op de vonder

Naam Overig in Tekst

Boarn    Boarn   

Naam Locatie in Tekst

Hinke [Kaert]    Hinke [Kaert]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21