Hoofdtekst
Yn Hollân wenne in evangelische boer, dy hie in katholische faem (waarschijnlijk in Dtsl. gehoord).
De pastoar kaem sa nou en dan by de faem en dan die er wolris hwat oars mei har as har de bycht ôfnimme.
Op in kear praette hy mei har ôf, sy moest de jouns komme by dy en dy beam, dan soe hy dêr ek wêze en sa.
De boer mat dêr fan witen ha, hwant hy sei tsjin 'e feint: "Nou kinstû joun in pear nije klompen fortsjinje. Dû mast om dy en dy tiid nei de beam ta gean en dan mast dêr yn klimme. En dan mast mar goed sjen hwat der ûnder dy beam gebeurt."
De jonge klom yn 'e beam. Dêr kom de faem al oan en even letter de pastoar ek.
Op 't lêst de pastoar der op. Doe't it goed en wol toplak wie, sei de faem tsjin 'e pastoar: "As der nou ris hwat fan komt, hwa sil dêr dan mei rêdde?"
Doe sei de pastoar: "Dy't dêr boppe ús is sil der mei rêdde."
De jonge tochte dat de pastoar hìm dêr mei bidoelde en rôp: "Ik om 'e g.v.d. net!"
Doe de pastoar mei de bleate kont fuort, sa hurd er koe en de faem ek.
Mar de jonge hie in pear nije klompen fortsjinne.

Onderwerp
AT 1355C - The Lord Above Will Provide   
ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.   
Beschrijving
Een pastoor doet met een katholieke boerenmeid ook wel eens iets anders dan alleen de biecht afnemen. De boer vermoedt dat er meer gaande is en stuurt zijn knecht eropuit om het 'stel' te bespioneren vanuit een boom. De jongen klimt in de boom en hoort de meid bezorgd praten. Het meisje vraagt zich af wie zorg zal dragen voor de gevolgen als er 'eens iets van komt', als ze zwanger raakt. De pastoor stelt haar gerust door te zeggen dat 'hij hierboven' haar zal redden. De domme knecht denkt dat het over hem gaat en roept verontwaardigd uit dat hij het meisje nooit zal helpen. De schaarsgeklede pastoor en de meid weten niet hoe snel ze er vandoor moeten gaan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 525, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
24 oktober 1968
The Lord Above Will Provide
Naam Overig in Tekst
Hollân   
Dtsl.   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21