Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ070202

Een mop (mondeling), donderdag 10 juli 1969

Hoofdtekst

Der wienen in man en in frou, dy hienen sahwat in tritich jier troud west. Op in gegeven momint woarde dy man siik. Der wie gjin hoop op betterskip en hy kom to forstjerren. Sy brochten him nei 't tsjerkhôf ta en dêr krige er in lizzende grêfstien. Dêr liet de widdou hwat blomkeguod en hwat heesterkes by pleatse. Op in joun wie dy frou dêr op 't tsjerkhôf. Sy gong dêr altomets ris hinne. Wylst hja dêr wie moest se noadich pisje. Sy tocht: hwer mat ik dit dwaen. Doe gong se achter in heesterke sitten. De tokjes fan dat heesterke waeiden hwat hinne en wer en dy rekken har. Doe sei se: "Och heare Jan, kinst der nòch net ôfbliuwe?"


Beschrijving

Na een huwelijk van bijna 30 jaar stierf de man. Op het graf liet de vrouw wat bloemetjes en een heester zetten. Op een keer dat ze het graf bezocht, moest ze eens heel nodig plassen. Ze ging achter de heester zitten. De takjes van de struik waaiden wat heen en weer en raakten haar. Toen zei ze: "Och here Jan, kan je er nou nog niet van afblijven?"



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 702, verhaal 2

Commentaar

10 juli 1969

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21