Hoofdtekst
De kening fan Ruslân hie in dochter. Op in kear liet er bikend meitsje, dat dejinge, dy't in fleanend skip foar him makke, dy soe syn dochter ta wiff ha. Nou wenne hiel fier dêr fandinne in boer, dy hie trije soannen. Dy hearden dêr fan. De jongste, dy wie net als to alte. Unnoazele Ielke, sa waerd er almeast neamd.
De âldste sei: "Dêr moat ik op los."
Syn mem joech him allerhande lekker iten mei, dat se yn in doek biknotte hie. Sa gong er op stap.
De twadde sei: "Ik moat ek mar ris sjen, of ik sa'n fleanend skip meitsje kin. Ik wol der ek op ût."
En hy krige ek fan de bêste proviand mei.
Doe sei de jongste, ûnnoazele Ielke: "Ik wol der ek hinne."
Syn âlden seinen: "Hwat silstû dêr hinne dwaen, dû kinst ommers neat."
Mar Ielke liet him net biprate en joech him ôf. Se goaide him noch in fine bôlle nei foar ûnderweis.
Doe't Ielke in ein fan hûs wie, kaem er in âld wyfke tsjin. Dat wie in hekse.
"Ik ha honger," sei 't âld-wyfke.
"Hjir ha jo de helte fan myn bôlle," sei Ielke gol.
"Hwersanne silst hinne?"
Ielke fortelde it har. Hy moast in fleanend skip sjen to krijen, dan koe er mei de keningsdochter trouwe.
"Soest graech sa'n fleanend skip ha wolle?"
Nou, fansels!
"Skop dan mar trijeris tsjiin dizze beam oan."
Dat die er en sjoch, dêr kaem it skip útstouwen.
Ielke der yn en dêr fleach er hinne.
Underweis seach er ien, dy hie syn iene skonk oan 't ear hingjen. Ielke stoppe en frege:
"Hwat bitsjut dat?"
"As ik dy skonk loslit, kin ik yn ien menút troch de hiele wrâld rinne."
"Wolst mei yn it skip?"
"Jawol."
Ielke sweve fierder.
Dêr sjocht er ien, dy rint om 'e mar hinne. Ielke stoppet.
"Hwat hat dit to bitsjutten?"
"Ik forgean altyd fan 'e toarst. As ik dizze mar leech drink, haw ik noch net genôch."
"Wolst mei yn 't skip?"
"Jawol."
Ielke sweve fierder.
Dêr sjocht er in mantsje mei in bosk takken op 'e rêch. Ielke stoppet.
"Hwat bitsjut dit?"
As ik op 'e takken bigjin to slaen, dan fljocht de iene soldaet nei de oare der út, hiele regiminten, mei kanonnen en al. Ik haw samar it greatste leger fan 'e hiele wrâld."
"Wolst mei yn 't skip?"
"Jawol."
Nou giet it op Ruslân ta. Ielke forskynt foar de kening en tinget nei de hân fan 'e dochter. Ja, in fleanend skip hat er, dat sjocht de kening mei syn eigen eagen. Mar hy sjocht ek wol, dat er it mei in ûnnoazele Ielke to dwaen hat en dêrom seit er:
"Ik jow dy myn dochter sa net. Earst moat ik liedingswetter út Afrika ha, binnen de ûre. Dêr moatstû foar soargje."
Doe sei dy mei de skonk oan it ear súntsjes tsjin Ielke:
"Der soargje ik wol foar."
En yn in menút stie it wetter foar de kening op tafel.
Mar de kening dy sei:
"Sa krijst' myn dochter nóch net. Earst moatte de 180.000 fetten wyn, dy't yn myn kelder stean, binnen de ûre leech dronken wêze."
De man, dy't by de mar tahâlden hie sei gau tsjin Ielke:
"Dêr rêd ik wol mei."
En hy dronk alle fetten yn in amerij leech.
Mar nou wie de kening nóch net tofreden. Ielke moast him èk noch it greatste leger fan 'e hiele wrâld bisoargje, foar't de sinne op kaem.
It mantsje mei de takkebosk sei tsjin Ielke:
"Lit dat mar oan my oer."
En hy bigoun op 'e takken to slaen en to bûtsen, dat dêr kaem in leger soldaten to foarskyn, ûnbidich yn tal, mei kanonnen en al. En dat roun lyk op it paleis ta, mei Ielke foaroan.
Hy sei tsjin 'e kening:
"As jo my nou net handich jou dochter jowe, forklearje ik jo de oarloch."
Doe doarst de kening net langer to wegerjen en sa waerd de brulloft tusken Ielke en de prinses fierd.
Onderwerp
AT 0513B - The Land and Water Ship   
ATU 0513B - The Land and Water Ship.   
Beschrijving
Bron
Motief
L13 - Compassionate youngest son.   
D1533.1.1 - Magic land and water ship.   
H335 - Tasks assigned suitors.   
H331 - Suitor contests: bride offered as prize.   
F601 - Extraordinary companions.   
F681.1 - Marvelous runner keeps leg tied up.   
F633 - Mighty drinker.   
F601.1 - Extraordinary companions perform hero‘s tasks.   
H1142 - Task: drinking enormous amount.   
L161 - Lowly hero marries princess.   
Commentaar
In september 1971 is het verhaal nogmaals verteld aan Ype Poortinga; zie YPFOE015.
Naam Overig in Tekst
Ielke   
Naam Locatie in Tekst
Rusland   
Afrika   
