Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE013 - Tafel dek, ezel strek en kneppel út 'e sek

Een sprookje (boek), maandag 05 juni 1972

Hoofdtekst

Tafel dek, ezel strek en kneppel út 'e sek
Der wie ris in mûnder, dy hie trije jonges. De beide âldsten wienen moai snoad en tige foar harsels, mar de jongste wie folle ûnnoazeler en in bytsje goedhinne.
De heit stoar en doe sei de âldste: 'Ik bin de âldste en ik kin earst kieze út it erfskip'. Hy keas de mûne. De twadde keas de ezel en de wein dêr't se it moal mei te plak brochten. De jongste bleau sawat neat foar oer. Hy koe hinnegean, in sekje mei iten op 'e nekke.
Sa gyng er op reis en doe kaam him in âld wyfke temjitte. Dy hie in sek mei guod, itenspul of sa, by har en dat koe se hast net risse. De jonge sei: 'Jou my dy sek mar efkes oer, ik draach him wol foar jo nei thûs'.
Doe't se by har hûs kamen, sei it âld minske: 'Do hast my sa holpen, kom der mar yn, dan kinst hjir efkes ite'. Hy rekke dêr yn 'e hûs en it iten smakke him skoan. Hy fertelde it minske, hoe't it der by stie en dat er no earne om wurk seach, want hy moast troch de tiid sjen te kommen.
'No,' sei se, 'dan moatst fan my dit taffeltsje mar meinimme'. Hy moast der hast wol om laitsje, want it wie sa'n behindich taffeltsje, en hy tocht, safolle iten haw ik oars net, dêr hoech ik net iens in tafel by. Mar om it âld wyfke net te sjenearjen, naam er it doch mar mei. 'Ja', sei se, 'ast no honger haste, dan giest der mar gewoan by sitten en dan seiste: Taffeltsje dek dy!'
Hy joech him ôf en doe't er in skoft rûn hie, krige er sin oan wat. Hy sette it taffeltsje del en sei: 'Taffeltsje dek dy!' En dêr kamen ynienen allegear pannen mei lekker iten op. Hy stie der ferbluft nei te sjen. Mar it roek sa lekker, dat hy koe it net litte en begjin der mei. It smakke lekker. Doe't er it iten dien hie, lei er de pannen der mar ôf, want hy koe se allegear net meinimme. Miskien is der wol immen dy't hjir lâns komt en dy't der guon fan ha wol, tocht er.
Underweis holp er al ris ien, dy koe it wurk net ôf krije, en doe joech dy him in ezeltsje, dêr koe er dan op ride. En dat net allinne. Hy hoegde mar te sizzen: 'Ezeltsje strek dy!' dan tilde dat ezeltsje de sturt op en dêr kaam allerhanne jild ûnderwei rûgeljen.
Doe wie er sawat oan in bosk ta en dêr doarst er hast net troch, want hy hearde, dat dêr rovers yn húsmannen. Mar doe holp er in man en dy sei, ear't se byinoar wei gyngen: 'No, wolst myn sek ek ha? Do kinst der wol wat iten yn dwaan foar ûnderweis'. Hy tochte, wat ha 'k mei in âld sek fanneden? Mar dat woe er net sizze, want hy fûn it sa sneu om it ôf te slaan. Dat hy sei: 'Jawol'. Doe sei de man: 'En dan moatst der mar om tinke, byhwannear't der rovers komme en dy wolle dy wat dwaan, dan seist mar: Kneppel út 'e sek! Hjir sit in kneppel yn, dy kin dy ferdedigje.' No, dat gyng oan.
En doe, ja, kamen der in pear rovers oan, en ear't se him wat dwaan koenen, sei er: 'Kneppel út 'e sek!' En doe kaam der ynienen in hiele grutte kneppel út. Hy tichele út himsels de rovers ôf, en doe gongen se op 'e flecht, sa hurd as se koenen.
Dêrnei reizge er noch wer in ein fierder. It waard al hast jûn en hy frege himsels ôf, wêr moat ik aanst bliuwe? Hy rûn noch in lyts eintsje en doe kaam er by in âld skuorre. It wie in ferfallen spul, mar hy tocht: Hawar, foar dizze nacht moat ik hjir mar yn. Mar ik sil der al om tinke, dat ik tenei in herberch fyn, dêr't ik better sliepe kin! Dan moast er fansels betelje; hy hie gjin jild by him en dêrom sei er: 'Ezeltsje strek dy!' en doe liet de ezel gûnen rôlje, dy't de jonge by him stiek. Hy sette syn taffeltsje del en sei: 'Taffeltsje dek dy!' Der kaam wer allerhanne lekker iten op en doe't er sêd wie naam er syn taffeltsje mei yn 'e skuorre en sette it dêr earne del.
Hy trof dêr yn dy skuorre in pear skarlunen oan, dy hiene dêr ek in hinnekommen socht foar de nacht. Dêr prakkesearre er fierder net oer. Syn sek mei de kneppel der yn die er as kessen ûnder de holle en joech him del. Mar dy twa omswindlers hienen dat gefal sjoen fan it taffeltsje en it ezeltsje. Dat dy seinen tsjininoar: 'As men dy dingen hat, dan kin men jin mar rêde'. De jonge foel yn in djippe sliep en doe namen dy twa it taffeltsje en it ezeltsje en makken dat se in goed ein út 'e reek kamen.
De oare moarns waard it feintsje wekker en doe wienen it taffeltsje en it ezeltsje fuort. Hy tochte, dat is my ek in raar gefal! Wat moat ik no ite? No, hy joech him mar wer op in paad. Earst woe er de sek mei de knepper der yn dêr mar lizze litte. Dêr haw ik doch ek neat oan, tocht er. By need koe ik der noch in fjurke fan stoke, mar ik ha neat om te sieden. Aldergeloks ha 'k noch in pear sinten yn 'e bûste - ik moat mar ris sjen, oft ik hjir of dêr ek by in herberch oankom, dêr't ik wat krije kin.
By de earste de bêste herberch stiek er oan. Ja, dêr seach er dy beide smjunten. Se sieten mei in grutte wynflesse foar har en it ezeltsje stie njonken it hûs. Mar it taffeltsje seach er net. Hy sei tsjin syn kneppel: 'Kneppel út 'e sek! En rinkelje se ôf!' Doe hufte dy kneppel der op los en op 't lêst woenen dy twa wol yn goedens. Se seinen: 'Ja, nim it ezeltsje mar mei'. 'En wêr is it taffeltsje?' woe er witte, 'dat wol 'k mei ha'. No, dat woenen se him net jaan, mar doe rânsele de kneppel sa bot op har om, dat doe seinen se: 'Dêr en dêr stiet it taffeltsje'. En doe't er it yn 'e hannen hie, sei er: 'Kneppel yn 'e sek!' Hy tocht: Sjesa - dat ha jim foargoed ôfleard. Mar ik moat der tenei al in bytsje om tinke, dat ik dizze goede dingen net rûnom delst. As ik dy mar in bytsje hâld, dan kin ik my fierder wol rêde en haw ik mei gjinien wat te meitsjen.

Onderwerp

AT 0563 - The Table, the Ass, and the Stick    AT 0563 - The Table, the Ass, and the Stick   

ATU 0563 - The Table, the Donkey and the Stick.    ATU 0563 - The Table, the Donkey and the Stick.   

Beschrijving

De vader van drie zonen sterft. De oudste zoon is slim en als de erfenis verdeeld wordt, eist hij de molen op. De middelste zoon krijgt de ezel; de jongste een zak met eten. De jongste gaat op reis en komt een oud vrouwtje tegen met een zak vol goud. Tot haar huis draagt hij deze zak en krijgt als beloning een tafel. Als hij honger heeft, zo vertelt het vrouwtje, moet hij tegen de tafel 'tafeltje dek je' zeggen. De jongen vervolgt zijn reis en krijgt onderweg honger. Hij gaat aan het tafeltje zitten en spreekt de formule die hij geleerd heeft uit. Prompt staat het tafeltje vol met lekker eten. Als hij klaar is met eten, trekt hij verder. Onderweg krijgt hij een ezeltje waartegen hij maar 'ezeltje strek je' hoeft te zeggen en dan rolt er geld onder zijn staart vandaan. In het bos aangekomen wil hij eigenlijk terug, vanwege rovers die daar wonen. Maar iemand geeft hem een zak mee met daarin een knuppel. Als de rovers inderdaad komen zegt de jongen 'knuppel uit de zak'. Door de grote knuppel slaan de rovers op de vlucht. Na een tijd gereisd te hebben, overnacht hij in een oude schuur. 's Nachts wordt hem zijn tafeltje en de ezel afgenomen door twee zwervers. De volgende dag vindt hij de twee mannen en neemt hen met behulp van de knuppel in de zak de gestolen goederen weer af.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 26

Commentaar

5 juni 1972
The Table, the Ass, and the Stick

Naam Overig in Tekst

Tafeltje dek je    Tafeltje dek je   

Ezeltje strek je    Ezeltje strek je   

Knuppel uit de zak    Knuppel uit de zak   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20