Hoofdtekst
It gouden earmke
It hijt dan, der wienen ris in boer en in frou, dy krigen earst gjin bern, mar lang om let kaam der doch noch in famke. Lykwols, dat bern miste in earmke. De âlden wienen o sa wiis mei it famke en it dearde har ôfgryslik oan dat it sa'n skeel hie. Mar doe kaam de Kweade by harren en sei:'Ik kin dat wol ferhelpe, mar dan moat ik jimme sielen brûke'. Dêr stimden se yn mei, want se hienen alles faor it bern oer. Doe krige dat bern dan in earmke fan 'e duvel en dêr koe it alles mei dwaan. Miskien hie er it wol in earmke fan fleis en bloed jaan kinnen, mar hy joech it in goudenien. De âlden makke er wys, dat hearde noch wat mear as in gewoan earmke, it wienen op 't lêst tige wolstelde minsken.
Nei forrin fan tiid kaam it bern te fallen en briek it earmke. Wat der doe by kaam, wit ik net, mar it waard it bern har dea. De boer en de frou wisten har gjin rie fan ferdriet en doe't de duvel ek noch kaam en sei: 'Dit is jimme skuld, hjir hienen jim op passe moatten!' doe teagen se it har sa oan, dat se makken harsels fan kant. Doe koe de Kweade har sielen brûke as lokmiddel.

Beschrijving
Een boer en boerin krijgen een dochter die een arm mist. De ouders vinden dat vreselijk. Op een dag komt de duivel langs en doet een voorstel: hij kan de dochter aan een arm helpen, maar dan eist hij van de ouders dat hij hun zielen mag hebben. De ouders stemmen in en hun dochter krijgt dan een gouden arm. Ze breekt bij een val haar arm en sterft. De ouders zijn ontroostbaar. De duivel zegt dan dat het hun eigen schuld is, waarna de ouders zelfmoord plegen. Zo kwam de duivel in het bezit van hun zielen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 78
Commentaar
9 december 1978
Naam Overig in Tekst
de Kweade   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20