Hoofdtekst
Under de jarrebak
Efter Grins yn Ten Boer wenne in man. Dy ferkofte twa bisten en foar achttjinhûndert gûne sie. De jûnes wie er, mei dat jild by him, geandefoet ûnderweis út 'e stêd nei hûs. Op in stuit seach er, in ein foar him út, twa op 'e wei. Hy stie it net, en wêr't er oan ta wie dêr lei in âlde jarrebak omkeard oan 't paad. Hy goaide syn jild ûnder de jarrebak en gong der sels ek moai ûnder lizzen.
Dy twa manlju kamen dat út en gongen op 'e jarrebak sitten. Doe hearde er oan 'e stimmen, dat it syn beide arbeiders wienen. Op in stuit sei de iene: "Wy slagge him dea en goaie him yn 't Damsterdjip." De oare sei: "Oh, wy begrave him hjir." De boer wie deabenaud, en de twa manlju mar wachtsje en wachtsje. Se hienen dêr wol trije oeren sa sitten, doe seinen se: "Wy geane nei hûs." De boer nei de polysje en sy tegearre dat jild der ûnder wei helje en nei de beide arbeiders ta. Dy woenen fan neat witte, mar sy krigen dien fan 'e boer en kamen sûnder wurk te sitten. Dat is yn Ten Boer foarfallen.
(Opgetekend: september 1971)

Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Boer die na verkoop van vee met veel geld op weg is naar huis, besluit als hij twee mannen ziet zich onder een omgekeerde gierbak te verstoppen. De mannen die van plan zijn hem te doden zijn zijn arbeiders, want de boer herkent ze aan hun stem. Na lang wachten verdwijnen de mannen, en gaat de boer naar huis. Hoewel de arbeiders ontkennen dat ze van plan waren hem te doden ontslaat de boer hen.
Bron
Ype Poortinga: Hûndert pûn klûntsjes en in karre fol lytsjild. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.] 1982. p. 93-94
Commentaar
september 1971
De man onder de omgekeerde boot
Naam Overig in Tekst
Damsterdjip   
Naam Locatie in Tekst
Grins   
Groningen   
Ten Boer   
Damsterdiep   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20