Hoofdtekst
Der wenne in boer to Súd-Drachten. Japik Ingberts kaem ris by him om in soadtsje jirpels to freegjen. "Mei alle leafde," sei de boer, "mar op ien bitingst. Jo moatte my dêr ris hwat fiten út jou libben foar fortelle. Hwat jo alsa útheefd ha. Kom snein-to-moarn mar."
"Krij 'k dan myn jirpels?" "Bêst", sei de boer.
De snein-to-moarns, dêr wied er al. De boer wie allinne thús. Se gongen der noflik by sitten. Japik Ingberts sei: "Nou moatte jo net lulk wurde, as ik aenst in fyt fortel."
Dat biloofde de boer.
Doe fortelde Japik Ingberts: "In jier of trije, fjouwer lyn ha ik en myn maet jo in fet, grou skiep ûntfytmanne. Wite jo noch wol, dat jo dat kwyt rekke binne?"
De boer biet op syn tosken. Dat wist er dekselse goed.
"Wy slachten it en namen elk in helte. Wy naeiden dêr mei út. Underweis sei 'k tsjin myn maet: -Ik hear guon oankommen. Hark mar, se sitte ús efternei- Wy lieten beide ús frachtsje falle en wy setten it op in rinnen. Mar myn maet roan folle hurder as ik. Doe't er in hiel ein foar wie, kearde ik deabidaerd werom nei de bút ta. Ik bin mei 't hiele skiep thús kaem." De boer seach as in ûle, mar hy hâldde him stil.
Japik Ingberts sei: "Nou wurdt it tiid, dat ik fuort kom. Jou soadtsje jirpels."
De boer joech him hwat er biloofd hie.

Onderwerp
VDK 1525Z* 19 - Japik Ingberts rijdt vermomd mee met zijn achtervolgers   
Beschrijving
Boer wil Japik Ingberts alleen aardappelen geven als hij wat streken uit zijn leven vertelt. Japik vertelt dat hoe hij samen met een maat deze boer een schaap afhandig heeft gemaakt. Ze slachten het en nemen ieder de helft mee. Als Japik tegen zijn maat zegt dat hij mensen achter hun aan hoort komen, gaan ze rennen. Zodra zijn maat verder weg is, want hij loopt harder, gaat Japik terug en neemt de andere helft mee. De boer is boos, maar geeft de aardappelen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 2, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
november 1965
De Japik Ingberts-cyclus: Japik Ingberts rijdt vermomd mee met zijn achtervolgers
Naam Overig in Tekst
Japik Ingberts   
Súd-Drachten   
Zuid-Drachten   
Plaats van Handelen
Drachten   
Kloekenummer in tekst
B099p   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21