Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000322

Een sage (mondeling), maandag 29 november 1965

Hoofdtekst

Us mem wie widdou. Op in kear hienen wy as bern mei ús mem nei beppe ta op bisite west. 't Wie yn Aldegea. Doe't wy omtrint oan hûs ta wienen, sloech ús mem biede hanne foar de eagen.
"Och heden," jammere se, "ús hûs is forbrând! Der stiet neat mear fan. De forbrânde flearbeammen stean der njonken."
Hja koe net fierder en sakke op 'e groun del. Dêr bleau se sitten. De oare bern gyngen njonken har sitten. Doe gong ik allinne fierder. Ik sei tsjin mem: "As it hûs der noch stiet, dan sil ik wapperje mei de skelk."
It hûs stie der noch. Der wie neat gebeurd.
Ik ha dit forhael faek oan myn bern forteld. Mar folle letter, doe't myn eigen bern al great wienen, is it hûs dochs forbrând. Alles wie forkoald. En de flearstrûken stienen dêr swart en forbrând njonken, krekt sa't ús mem it sjoen hie.

Onderwerp

SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes    SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes   

Beschrijving

Vrouw ziet haar afgebrande huis met verbrande vlier, maar er is niets aan de hand. Veel later is het huis afgebrand, met net zo als de vrouw het heeft gezien, een verbrande vlierboom naast het huis.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 3, verhaal 22 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

29 november 1965
Vorzeichen eines Brandes. Haus steht in Brand

Naam Locatie in Tekst

Aldegea    Aldegea   

Oudega    Oudega   

Plaats van Handelen

Oudega    Oudega   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21