Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000507

Een sage (mondeling), 1963 - 1966

Hoofdtekst

Op 'e Sumarreheide wenne Antsje. Dy wie mei de helm geboaren. Dat wist in elk wol. Op in kear makke har buorjonge in praetsje mei har.
Is der ek hwat nijs? frege der.
Né, ik soe 't net wite, sei Antsje.
Komt der ek hwat nijs? frege de jonge doe. Antsje sei:
Ast it dan dochs wite wolst, ja. Der komt in sterfgefal. En dêr komme dû en ik beide by op bigraffenis.
Ikke? sei de jonge. Dêr woed er neat fan leauwe. Dat kin ommers net, sei er. Dan geane ús heit en mem ommers mei.
Doe sei Antsje: Ik sil dy wol even taknikke ast foar 't gat fan 'e hage stieste.
In pear dagen letter krige de jonge syn heit in biroerte en kom to forstjerren. Doe tocht de jonge: As it nou bigraffenis wurdt, dan sil 'k oppasse, dat ik net foar 't gat fan 'e hage komt to stean.
Op 'e dei fan 'e bigraffenis kom it folk ta it sterfhûs út. Der wie net folle rûmte op it hiem, dat der woarde sein: Hwat oan kant!
En sa gebeurde it, dat de jonge, sûnder dat hy der erch yn hie by it gat treaun waerd.
Dat seach Antsje en sy knikte de jonge ta.

Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Met de helm geboren vrouw zegt buurjongen dat ze beiden bij een begrafenis zullen zijn en dat ze de jongen als hij bij het gat van de haag staat, zal toeknikken. De vader van de jongen sterft. De jongen neemt zich voor niet bij het gat van de haag te gaan staan, maar hij wordt toch ongemerkt die kant opgeduwd. Als de buurvrouw hem ziet, knikt ze hem toe.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 5, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

circa 1965
Andere Todesvorzeigen & TM 2901: Helmdragers

Naam Overig in Tekst

Antsje    Antsje   

Antje    Antje   

Naam Locatie in Tekst

Sumarreheide    Sumarreheide   

Suameerderheide    Suameerderheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21