Hoofdtekst
It biwiis
Earne op in klaeidoarp yn Fryslân wenne in âlde dokter. Konkerinsje wie der net, dat de baes wie baes.
Dokter hie in greaten grouwen houn, wyt spikkele. Dy lei yn in almachtich greaten koer yn ‘e aptheekwachtkeamer. Hwannear wy as jonges it gelok of ûngelok hienen om dêr wachtsje to moatten, dan doarsten wy hast net to forskeuken op ‘e stoel, want by it minste leven kaem de grouwe kop oer de rânne fan de koer en seach er jo oan as woe er sizze: “Doarst do dy to forroeren?”
Flak tsjinoer it doktershûs wenne in slachter. Dy kaem ris mei opgestroken seil by dokter oan. De man wie nochal opljeppen en sei it mar raer op. ‘t Kaem hjir op del:“Dokter, jou houn hat in rollade fan fiif poun fan my opfretten en dy moat jo my bitelje!” Dokter waerd nitilich om de foarse toan. Hy praette hwat healstêdsk en sei:“Hest it sien?” “Né” andere de slachter. “Dan krijst dien senten ook niet, want dou hest gien biwiis.”
In pear dagen letter gong dokter mei it koetske nei syn pasjinten bûtenút. Syn stâlfeint foaryn, dokter efter yn ‘t bakje. De houn gyng mei en drafke hwat nêst it reauke. Mar op in stuit naem de houn in hâlding oan as moast er hwat en bleau sitten. Dan gyng er it koetske wer achternei, roun foarút en naem wer deselde hâlding oan. Dat barde sa in pear kear, dat dokter sei tsjin Sjerp - dat wie de fuorman -:“Sjerp, wat doet dy hôn it nuver.” “Ja, ” sei Sjerp, “dêr sjoch ik ek al ris nei. Der koe him wol hwat ûnder de sturt hingje.” “Hou is in” sei dokter, “daar moete we meer fan wete” Sy beide it weintsje út.
Dokter hâldde de houn by de kop en de efterein wie foar Sjerp sien soargen. “Der hinget in toutsje út” sei Sjerp. “Trek mar aan” sei dokter. En doe Sjerp it yn ‘e hân hie, seine se beide tagelyk:“Dat is it rollade-toutsje.” Mei al dy knopen hie de houn it net sa goed forarbeidzje kinnen. It biwiis wie levere. Mar dokter sei der achteroan:“Dou houdst dy de bek hoor Sjerp en sech er niks fan. Dy brutale fent krijt syn senten niet.”
Mar fansels wie dit to moai om stil to hâlden en waerd men it letter dochs gewaer.

Beschrijving
Slager beweert dat de hond van de dokter een rollade heeft opgegeten. Dokter weigert te betalen omdat er geen bewijs is. Een paar dagen later blijkt dat er een touwtje van een rollade onder de staart van de hond hangt.
Bron
Collectie Wouda, verslag 12, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Naam en woonplaats van de in het tweede verhaal voorkomende dokter wenste de verteller niet genoemd te hebben met het oog op familieleden van de arts, die vooraanstaande posities in Friesland innemen.
Zie WOUDA001202, WOUDA001203
Zie WOUDA001202, WOUDA001203
Naam Overig in Tekst
Sjerp   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21