Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE096a - Neakene berntsjes

Een sage (boek), woensdag 03 oktober 1973

Hoofdtekst

Neakene berntsjes
Op Semarreheide hawwe jongelju wenne, dy wienen stienearm. Earst kamen der gjin bern, mar doett se lang om let ien krigen, wie it dea. Doe't se wer ien krigen, kaam dat likemin libben te wrâld. Dat gong sa oan fjouwer kear ta. Dy minsken hienen mei lijen wat kleantsjes byinoarskarrele foar de earste, mar jild om in grêf op it tsjerkhof te keapjen en in kistje meitsje te litten wie der net. Dat se begroeven se samar yn 'e heide, fuort by hûs, en klean krigen se ek net oan—dy bewarren se foar as der wer ien kaam.
Mar dy berntsjes krigen gjin rêst. Alle jûnen. as dy man en dy frou ta it glês út seagen, dûnsen der op it stee dêr't se har berntsjes begroeven hienen fjouwer Iytse wêzentsjes. Dy wienen spierneaken. Dy man en dy frou hearden ek altyd, hoe't se elkoar efternei seinen: 'Wy ha gjin kleantsjes oan krige. Wy binne net begroeven lyk as oare berntsjes'.
It duorre net lang, doe wie dat foar dy minsken net mear oan te sjen en oan te hearren. Se dienen alle war om wat kleantsjes byinoar te krijen foar alle fjouwer. Sadree't se dy brocht hienen nei it plak dêr't se begroeven wienen, hâlde it spoekjen op en krigen âlden en berntsjes rêst.

Beschrijving

Een arm jong echtpaar krijgt vier kinderen die komen te overlijden. Ze zijn te arm om kleertjes te kopen en daarom worden de kinderen naakt begraven. De kinderen vinden echter geen rust en gaan 's nachts spoken. De ouders zorgen dat ze het geld voor kleren bij elkaar krijgen en begraven de kinderen dan met kleren aan. Het spoken houdt daarna op.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 112-113

Commentaar

3 oktober 1973
Zie ook Van der Molen, Segeboek. p. 41 en Der waard. p. 10. Ik heb hier nummer YPFOE096 gesplitst in een a en b. Poortinga vat ze onder een titel, hoewel ze door verschillende vertellers verteld worden.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20